It Aksjeplan Takomstbestindige Banen 2021-2024 jout útfiering oan de opjefte Takomstbestindige Banen. Dat is ien fan de sân opjeften fan de povinsjale beliedsnota Gastfrij Fryslân 2028.

Fan it Aksjeplan út wurdt wurke oan trije ferskate útgongspunten fan de aksje:

  1. Kieze foar de gastfrijheidssektor (fine & bine);
  2. Leare yn de gastfrijheidssektor (bine & boeie);
  3. Wurkje yn de gastfrijheidssektor (boeie & behâlde).

Understypjend oan de aksjelinen wurdt wurke oan it imago fan de sektor: aktiviteiten oangeande imago, byldfoarming en foarljochting oer de Fryske gastfrijheidssektor.

Ien fan de aksjes út it Aksjeplan is it opstellen fan in RIF subsydzje-oanfraach. Yn jannewaris 2022 is dêrom it 4-jierrich programma ‘Gastfrij Fryslân’ yntsjinne foar in RIF subsydzjeoanfraach fan goed 1,2 miljoen euro by it Ryk. Dêrfoar hawwe de provinsje, ûndernimmers, KHN, it ûnderwiis (ROC Friese Poort, Friesland College en NHL Stenden) en Fryslân Werkt! mei-inoar ek goed 2,4 miljoen euro frijmakke. Mids juny 2022 is it goede nijs ûntfongen dat it Ryk de subsydzje takend hat. Dy takenning betsjut in fleanende start foar it programma ‘Gastfrij Fryslân’ en dêrmei ek foar de opjefte Takomstbestindige Banen: trijekwart fan de aksjes út it Aksjeplan wurde ta útfiering brocht fia it programma ‘Gastfrij Fryslân’. Mear ynformaasje oer it programma ‘Gastvrij Fryslân’ is te finen ûnder it kopke ‘RIF Gastfrij Fryslân’.

It diel fan it Aksjeplan dat gjin ûnderdiel is fan it programma ‘Gastfrij Fryslân’ wurdt troch de organisaajes útfierd dy’t dêrfoar (neffens it Aksjeplan) ferantwurdlik foar binne. Dat giet ûnder oaren oer it belûken fan it basisûnderwiis by de sektor, de trochûntwikkeling fan Toerisme Kollektyf Fryslan (TKF) en it ûntwikkeljen fan in minor.

It parseberjocht oer it startsinjaal fan de opjefte en it Aksjeplan fine jo hjirneist as dokumint dat jo dellade kinne