Wat is besinningstoerisme? In definysje dy ‘t yn de provinsje Limburg (besinningstoerisme-foarrinner) opsteld waard: ‘Toeristyske aktiviteiten dy ’t liede ta inerlike rêst en lykwicht troch it ûndergean fan in belibbing of ûnderfining, dêr ’t in relaasje yn lein wurde kin mei de sin fan it libben.’ Hoewol ’t besinningstoerisme in nichemerk is, sjocht de opjefte Deirekreative Netwurken potinsje yn dizze foarm fan kwaliteitstoerisme. Omdat dizze duorsume foarm fan rekreaasje respekt toant foar minske, natuer en kultuer, past it goed binnen de misy fan Gastfrij Fryslân 2028 om ynwenners fan Fryslân yn 2028 profitearje te litten fan in tûke groei fan toerisme.

Krekt as Limburg, is Fryslân in provinsje dy ‘t by útstek geskikt is om besinningstoeristen te lûken. Benammen it Waadkustgebiet hat mei de heechste tsjerketichtens fan Noardwest-Europa in soad te bieden. In iuwenâlde kultuerhistoarje dy ‘t bol stiet fan ferhalen, kleasters, tsjerken, pylgerrûtes en oar religieus erfgoed. En dan binne der noch tal fan geastlike lieders dy ‘t it gebiet fuortbrocht hat en noch hieltyd besikers lûke, lykas Menno Simons en Titus Brandsma. En wat te tinken fan de moard op Bonifatius yn Dokkum? Der is yn Fryslân al in provinsjedekkend netwurk oan pylgerrûtes útset. De opjefte Deirekreative Netwurken is úteinset mei it digitalisearjen fan dy rûtes, se wurde toand op www.Friesland.nl/pelgrimeren

Bij het thema bezinningstoerisme kunnen veel Friese netwerkpartners aanhaken, denk aan de stichting Alde Fryske Tsjerken, natuurorganisaties, stichting Erfgoed & Publiek en ondernemers die actief zijn op het vlak van wellness, gezondheid, spiritualiteit en natuurbeleving. Ben jij ook geïnteresseerd om met dit thema aan de slag te gaan? Lees dan verder want op deze pagina zijn een aantal documenten over bezinningstoerisme te vinden, daarnaast is de workshop ‘Bezinningstoerisme’ die Merlijn Pietersma in opdracht van de opgave Dagrecreatieve Netwerken verzorgde, terug te kijken.

By it tema besinningstoerisme kinne in soad Fryske netwurkpartners oanheakje, tink oan de stichting Alde Fryske Tsjerken, natuerorganisaasjes, stichting Erfgoed & Publiek en ûndernimmers dy ‘t aktyf binne op it mêd fan wellness, sûnens, spiritualiteit en natuerbelibbing. Bisto ek ynteressearre om mei dit tema oan de slach te gean? Lês dan fierder want op dizze side binne in tal dokuminten oer besinningstoerisme te finen, dêrneist is de workshop ‘Bezinningstoerism ‘ dy’t Merlijn Pietersma yn opdracht fan de opjefte Deirekreative Netwurken fersoarge, werom te sjen.

 

ZinWad-extract

Eindproef-visit-zl-bezin-in-zuid-limburg

Besinningstoerisme Limburg 2.0. Ferslachboek RAAK-projekt

Besinningsstoerisme