Bisto klear om dyn bedriuw nei it folgjende nivo te tillen? Wolkom by it Future Ready Event fan de European Digital Innovation Hub Noard-Nederlân (EDIH NN). Op 22 oktober krijst de unike kâns om dy te ferdjipjen yn de wrâld fan digitalisearring en cybersecurity, wylst yn ‘e kunde komst mei de tsjinsten en trainings fan EDIH NN. Dit event is ít plak om te netwurkjen mei oare ûndernimmers en spesjalisten, en om praktyske oplossings te finen foar de digitale útdagings fan dyn ûndernimming. Dêrneist kinst op de iepen merk fuortendaliks oan ‘e slach mei de tools en advizen dy’t dyn bedriuw nedich hat om klear te wêzen foar de takomst.
- Datum: 22 oktober 2024
- Tiid: 15:00 – 18:00 oere
- Lokaasje: Hanze, Zernikeplein 11, Grins
- Parkeare: fergees op het terrein
It program wurdt ynkoarten bekend makke.
Wat kinst ferwachtsje?
- Ynsjoggen & Mindset: ûntdek nije perspektiven en kreëarje in digitale mindset.
- Cybersecurity: Lear oer ús trajekt en beskermje dyn bedriuw tsjin cyberdrigings.
- Persoanlik Advys: Ien-op-ien petearen mei spesjalisten yn ús break-out rooms.
- Iepen Merk: Ferken ús oanbod, praat met eksperts en shop de tools dy’tsto nedich bist.
- Netwurkje: Wikselje ûnderfinings út mei oare ûndernimmers dy’t ek digitalisearje.
Wêrom soest meidwaan?
Omdat dit dé kâns is om dyn bedriuw klear te stomen foar de takomst. Digitalisearring is net langer in kar, mar in must om konkurrearjend te bliuwen. Oftst no begjinne wolst mei de basis, of al in stap fierder bist, wy helpe dy op wei. It Future Ready Event is ít startpunt foar dyn digitale transformaasje. Skriuw dy yn, kom del, en gean fol enerzjy oan ‘e slach mei de takomst fan dyn bedriuw. De takomst is digitaal – bisto dat ek?
Oanmelde?
Fersekerje dysels fan in plak op it Future Ready Event. Mis dizze kâns net om de earste stap te setten nei in digitaal takomstbestindich bedriuw. Meld dy oan fia de knop hjirûnder.