02 april 2025

Fitale Restaurantsektor Fryslân

In toekomstbestindige restaurantsektor draacht by oan in attraktive wen-, wurk- en rekreaasjemiljeu. De horeca is dêrom krúsjaal foar de libbensberens binnen sawol gemeenten as de provinsje.

📅 Datum: Woansdei 2 april 2025
Tiid: Ynloop 14:30 oere | Start 15:00 oere | Einde 17:30 oere
📍 Lokaasje: Grand Café JAN! – Wergea

Hoewol it ekonomysk belang fan de restaurantsektor yn Fryslân grut is, moat de sektor ek in wichtige rol spylje dy’t teminsten deselde omtinken fertsjinnet; nammentlik dy fan ferbining, ûntspanning, beleving, en libbensberens. Hjirmei spilet de sektor in fitalen rol yn ús maatskippij.

Fanút de doelstelling – in vitale restaurantsektor yn Fryslân – hat de Provinsje Fryslân yn 2024 in ûndersyk útfiere litten. De 678 Fryske restaurants dy’t Fryslân yn 2023 telde, binne ûndersocht en oan de hân fan in tal kritearia beoardiele. De resultaten dêrfan binne per dielgebiet en gemeente presintearre. No geane wy yn petear mei beliedsmakkers oer it ferfolch. De fraach is: hoe no fierder? Koninklike Horeca Nederland, de Provinsje Fryslân en de Toerisme Alliantie Fryslân (TAF) hawwe de hannen yninoar slaand om dy fraach te beantwurdzjen. Tiidens de byienkomst op 2 april sille gemeenten en fertsjintwurdigers út de sektor oer dit ûnderwerp yn petear gean: de útkomsten fan it rapport wurde besprutsen, kennis wurdt diele en der is gelegenheid om te netwurkjen.

Programma

  • 14:30| Ynloop & Ontfangst
  • 15:00| Byienkomst
    • Wolkom troch Geert-Jan Vaartjes
    • Oanlieding en ferklaring ûndersyk Vitale Horeca
    • Bas van Es (Horeca Advysburo & Ervaren horeca ûndernimmer)
    • Pauze
    • Koarte wurksesje yn lytsere groepen
    • Plenêre weromkoppeling
  • 17:00 – 17:30| Netwerkborrel

Wolle jo der by wêze? Meld jo oan foar 29 maart fia ûndersteande link:

Meld jo hjir oan!

Dizze útnûging is foar beliedsmakkers en amtners dy’t belutsen binne by de horeca en is eksklusyf bedoeld foar genôchden.