26 maart 2025

Foarjiersgearkomste Platfoarm Gastfrij Smellingerlân

It toeristysk seizoen stiet foar de doar! Platfoarm Gastfrij Smellingerlân nûget alle ûndernimmers, organisaasjes en inisjativen yn de rekreaasje-, toerisme- en hoarekasektor fan Smellingerlân út foar de jierlikse foarjiersgearkomste. In jûn fol ynspiraasje, netwurkmooglikheden en updates oer de plannen en projekten yn 2025. Dit jier fynt de gearkomste plak op in unike lokaasje: it gloednije Swimsintrum De Welle yn Drachten!

 

📅 Woansdei 26 maart 2025 | Fanôf 18:00 oere
📍 Lokaasje: Swimsintrum De Welle, Drachten

Dizze gearkomste wurdt organisearre troch Platfoarm Gastfrij Smellingerlân en is fergees tagonklik foar alle ûndernimmers en organisaasjes yn de sektor. Witte jo no al dat jo derby wêze wolle? Oanmelde kin fia info@platformgastvrijsmallingerland.nl.