Op tiisdei 8 april organisearret VVV Waterland fan Fryslân de foarjiersgearkomste. In ynspirearjende jûn mei in netwurkborrel en ynformaasjemerk, wêrby’t aktuele tema’s en ûntwikkelingen binnen de regio sintraal steane.
📅 Datum: Tiisdei 8 april 2025
⏰ Tiid: 19.45 – 22.00 oere
📍 Lokatie: ’t Haske, Vegelinswei 20, De Jouwer
Wat kinst ferwachtsje?
- Koers rjochting 2030 – Presintaasje fan it nije koersdokumint en de strategyske kearnprinsipes foar bestimmingûntwikkeling.
- Bestimmingûntwikkeling en projekten – Konkrete plannen en ideeën foar de regio, mei romte foar ynbring fan dielnimmers.
- Weromsjoch op 2024 – In oersjoch fan suksesferhalen, behelle resultaten en útdagings fan it ôfrûne jier.
- Finansjele útdagings – Besprek fan de jierrekken en de finansjele takomst fan de organisaasje.
- Netwurkborrel & ynformaasjemerk – Moetsje oare ûndernimmers en belutsenen, en helje ynformaasje by ferskate ynformaasjetafels.
Mear ynformaasje en oanmelde? Besykje de webside fan VVV Waterland fan Fryslân fia de ûndersteande knop:
Foto: Marcel Kammen fia MerkFryslân