Set 29 septimber 2025 yn dyn aginda, it folsleine programma en de offisjele útnûging folgje gau!
Lokaasje: De Kanselarij, Ljouwert – Tiid: 14:30 – 17:30 (Ynrin 14:00)
As wy Fryslân écht op ’e kaart sette wolle as duorsume en sirkulêre topbestimming, dan dogge wy dat tegearre. Mei lef, mei fisy en mei konkrete stappen. Op moandei 29 septimber is der in ynspirearjende middei yn de Kanselarij yn Ljouwert foar alle ûndernimmers en partners út de Fryske gastfrijheidssektor.
Tidens dizze sesje meitsje jo kennis mei de wurkshops dy’t dit neijier fan start geane. It programma is ûntwikkele foar ûndernimmers, yn gearwurking mei partners dy’t duorsumens, ynnovaasje en ferbining sintraal sette: Toerisme Alliânsje Fryslân, MerkFryslân, Firda, Gastfrij Fryslân, Interregprojekt Waddenvisie, en Rabobank.
Wêrom meidwaan?
De wrâld feroaret. Toeristen én ynwenners ferwachtsje hieltyd faker dat bedriuwen bewust omgeane mei enerzjy, iten, ôffal en natuer. Just yn Fryslân, dêr’t romte, lânskip en erfgoed ús unyk meitsje, leit in kâns om foaroprinner te wêzen. Mar hoe fertaalst dat nei de praktyk fan dyn ûndernimming? Wy litte it dy sjen.
Wat kinst ferwachtsje?
- In koart plenêr programma mei ynspirearjende foarbylden
- Kennis meitsje mei it oanbod fan wurkshops yn it neijier fan 2025
- Utlis oer nije subsydzjes, programma’s en sertifikaten
- Ynspiraasjemerk mei duorsume inisjativen en tools
- Romte om te netwurkjen mei kollega-ûndernimmers en eksperts
Foar wa?
Foar alle ûndernimmers yn de Fryske gastfrijheidssektor: fan horeca oant rekreaasje, fan kamping oant kultuerplak. Ek beliedsmakkers, projektpartners en ûnderwiis binne wolkom. Want allinnich tegearre kinne wy derfoar soargje dat duorsum ûndernimmen de nije standert wurdt yn Fryslân.
Dochst mei?
Meld dy alfêst oan fia de knop hjirûnder. Bliuw op ’e hichte fia ús kanalen en hâld dyn ynboks yn ’e gaten foar de offisjele útnûging. Tegearre wurkje wy oan in sirkulêre takomst foar de Fryske gastfrijheid!