18 maart 2025

Kennissesje Futureproof troch Gastvrij Fryslân

Hoe sjocht de hoareka der yn ‘e takomst út? Hokker feardichheden en kennis binne nedich om takomstbestindich te wurkjen yn dizze dynamyske sektor? Op tiisdei 18 maart 2025 organisearret Gastfrij Fryslân in ynteraktive kennissesje foar al har bedriuwspartners, wêrby’t studinten, dosinten en hoarekaprofessionals tegearre ûntdekke wat de hoarekameiwurkers fan moarn nedich hawwe.

🔎 Wat kinst ferwachtsje?
Georges El Halal, ûndersiker en ekspert op it mêd fan ynnovaasje en trends yn de hoareka, dielt eksklusive ynsjoggen oer de ynfloed fan technology en digitale transformaasje op de wurkflier fan de takomst. Tegearre wurdt der praat oer hoe’t digitalisearring, duorsume ynnovaasjes en nije wurkfoarmen de sektor feroarje en hokker kompetinsjes essinsjeel wurde foar sukses.

💡 Wêrom moatst dizze sesje net misse?
✔ Ynsjoch yn de takomst fan wurk yn de hoareka
✔ Ynteraktive diskusje oer trends, útdagings en kânsen
✔ Netwurkmooglikheden mei kollega’s, studinten en dosinten

🎯 Foar wa?
Dizze sesje is spesjaal bedoeld foar studinten, dosinten en professionals yn de hoareka dy’t har tariede wolle op in takomstbestindige karriêre. Oftsto krekt begjinst of al jierren ûnderfining hast, dizze kennissesje helpt dy om foarút te tinken en mei te groeien mei de ûntwikkelingen yn de sektor.

💡 Let op: Dizze kennissesje is spesjaal foar bedriuwspartners fan Gastfrij Fryslân. Foar mear ynformaasje oer in partnerskip mei Gastfrij Fryslân, klik op de ûndersteande knop.

Oanslute by Gastvrij Fryslân

Praktyske ynformaasje

📅 Datum: Tiisdei 18 maart 2025
📍 Lokaasje: Parkhotel Tjaarda, Oranjewâld
Tiid: 09:30 – 12:30 oere
✍️ Oanmelde: Fóár 11 maart 2025

Set in ekstra stap rjochting in takomstbestindige hoareka en meld dy oan fia de ûndersteande knop, of klik foar mear ynformaasje.

Kennissesje Futureproof