N.t.b.

Klimaatpsychology & Duorsum Hannels­perspektyf

Begryp it gedrach efter duorsumens en ûntdek hoe’tsto as ûndernimmer écht it ferskil meitsje kinst.
Duorsum ûndernimmen is al lang gjin trend mear, mar in needsaak. Dochs blykt it feroarjen fan gedrach by klanten, meiwurkers én dysels faak kompleks. Yn dizze 2 fergese workshops krijst ynsjoch yn ’e psychology efter klimaatgedrach én praktyske hânfetten om duorsum hanneljen binnen dyn organisaasje te stimulearjen.
Wat kinst ferwachtsje?
  • Hoe’tsto as ûndernimmer ynspylje kinst op psychologyske driuwfearren efter duorsum gedrach
  • Wêrom’t tradisjonele klimaatynformaasje faak net ta aksje liedt
  • Hoe’tsto in duorsum hannels­perspektyf kreëarrest dat wérkt – foar klanten, teams en belanghawwenden
  • Ynspirearjende foarbylden fan gedrachsferoaring binnen bedriuwen
Oftst no in MKB-ûndernimmer bist, wurkest oan duorsumensstrategyen of krekt begjinst mei ferduorsumjen – dizze workshop helpt dy om gedrach écht yn beweging te krijen.
Datum: Wy sykje tegearre mei de dielnimmers nei hokker datum it bêste past!
Plak: Rûnom Nasjonaal Park De Alde Feanen
Foar wa: Undernimmers en professionals mei in hert foar duorsumens.
Skriuw dy hjoed noch yn troch in e-mail te stjoeren nei jannie@merkfryslan.nl en fersterkje de duorsume ynfloed fan dyn bedriuw.