Lunchgearkomste foar ûndernimmers oer digitalisearring
Datum: Tiisdei 22 oktober 2024
Tiid: 12:00 – 14:00 oere
Lokaasje: MICA Ljouwert, Sixmastrjitte 15, Ljouwert
Op tiisdei 22 oktober organisearret in gearwurking tusken MICA Ljouwert, Digitale Werkplaats Fryslân en MKB Cyber Campus in unike lunchgearkomste foar ûndernimmers.Dit evenemint jout in útsochte kâns om dyn kennis oer digitale kânsen te fergrutsjen en te netwurkjen mei oare professionals út’e regio.
Wat kinst ferwachtsje?
Op dizze lunsjgearkomste wurde trije ynteraktive workshops oanbean:
1. Digitale Marketing
Jûn troch Maurice Luimes
Duik yn de wrâld fan digitale marketing en ûntdek hoe’tst dyn bedriuw effektyf op de kaart sette kinst. Maurice dielt trends en praktyske tips, mei ynput fan studearjende ûndernimmers.
2. AI yn de Praktyk
Jûn troch Erik Miedema
Leer oer de nijste ûntwikkelingen op it mêd fan Generative AI. Erik biedt ynsichten en praktyske tapassings, sadatst fuort oan’e slach kinst mei AI yn dyn ûndernimming.
3. Cyberbefeiliging
Jûn troch Corné van der Veen
Beskermje dyn bedriuw tsjin cyberdrigingen. Corné dielt weardefolle tips en docht in cyberscan om dyn digitale wearberens te ferbetterjen.
Mis dizze kâns net om dyn kennis te fergrutsjen en weardefolle konneksjes te meitsjen mei lykstimde ûndernimmers.
Foar mear ynformaasje en oanmelden klik op:
Oanmelde