Bist aktyf yn ’e Fryske horeca of gastfrijheidssektor en wolst dyn ûndernimming dit hjerst op in duorsume én ûnderskiedende wize fierder bringe? Dan is dizze masterclass wat foar dy!
Datum: tiisdei 4 novimber 2025
Tiid: 14.00 oere
Lokaasje: Restaurant Oan ‘Tafel, Warga
Tegearre mei Geert-Jan Vaartjes (Proeflokaal Oan ‘Tafel & Grand Café JAN!) en Jeska van der Wal dûke wy yn ’e wrâld fan lokaal ûndernimmen. Untdek hoe’st:
- gearwurkje kinst mei lokale leveransiers om effisjinter yn te keapjen én unike, werkenbere produkten oan dyn oanbod ta te foegjen;
- koarte keatens ynsetst dy’t net allinnich dyn duorsumensdoelstellingen stypje, mar ek soargje foar in sterker regionaal ferhaal op de menukaart;
- de gastûnderfining ferrikest mei produkten en komôf dy’t passe by dyn styl en by Fryslân;
- dyn ûndernimming ûnderskiedend meitsje kinst troch lokaal én ferrassend ‘oars’ te operearjen.
Praktyske ynformaasje:
- De kosten binne € 82,- per dielnimmer (eksklusive BTW).
- Oanmelden is ferplichte foar 21 oktober 2025.
- Tink derom: by oanmelding jildt daliks de betellingsferplichting.
Wolst meidwaan en dy ynspirearje litte?
Meld dy dan oan fia it ynskriuwformulier op de webside fan Gastvrij Fryslân. Nim alfêst dyn ‘leefraach’ mei: wêr bist nijsgjirrich nei yn dyn saak? Hokker stap wolst sette? Lit dyn bedriuwsfiering groeie op in wize dy’t goed is foar de streek, dyn ferhaal én dyn gasten.
Gean nei de webside fan Gastvrij Fryslân
Nijsgjirrich nei wat der fierder noch oanbean wurdt dit hjerst om dyn ûndernimming takomstbestindiger te meitsjen? Klik dan op de ûndersteande knop om nei de projektpagina te gean!