19 maart 2025

Masterclass ‘Smaken út de natuer’ troch Gastfrij Fryslân

Bist op syk nei nije wizen om duorsum en takomstbestindich te ûndernimmen? Wolsto dy ynspirearje litte troch de smaken en mooglikheden dy’t de natuer biedt? Gastfrij Fryslân organisearret de masterclass ‘Smaken út de natuer’ op woansdei 19 maart 2025 by De Slotplaats yn Bakkefean.

Tidens dizze bysûndere sesje krigest in unyk ynsjoch efter de skermen fan De Slotplaats en ûntdekst hoe’t sy natuer en gastronomy mei-inoar ferbine. Do learst mear oer takomstbestindich ûndernimmen, duorsumens en ynnovaasje yn de hoareka. Derneist giest sels oan ‘e slach mei de keunst fan fermentaasje en ûnderfynst hoe’t dizze âlde technyk in rol spylje kin yn smaakûntwikkeling en it behâld fan iten.

Miskje dizze ynspirearjende ûnderfining net!

Praktyske ynformaasje

📅 Datum: Woansdei 19 maart 2025
📍 Lokaasje: De Slotplaats, Bakkefean
Tiid: 09:00 – 13:00 oere
💰 Kosten: € 82,- per dielnimmer (eks. btw)
✍️ Oanmelde: Fóár 12 maart 2025

Tink derom: Der binne mar in beheind tal plakken beskikber!

Wolsto derby wêze? Skriuw dy yn fia de webside fan Gastfrij Fryslân fia de ûndersteande knop.

Masterclass ‘Smaken út de natuer’