Dit neijier brûst it yn Noardeast-Fryslân mei ús gearkomste. We prate by nei it seizoen, mar wy soargje der ek foar datst yn ‘e kunde komst mei nije minsken, dy ferdjipje kinst yn ferskate ûnderwerpen en…. wy stekke ek graach alfêst in flamke oan om foarút te sjen. En dat dogge we mei in flinke knal… Bist der klear foar?
Swarte Cross – Gewoan moai feest of startpunt fan regionale ûntwikkeling en grutskens?
Wat dogge je as der einlik net folle leuks mear te dwaan is? Wannear’t de minsken om dy hinne net mear goed sjogge dat der in soad is om grutsk op te wêzen en foar te bliuwen?
In pear gasten út de Achterhoek hawwe dêr wat op betocht. En wat begûn mei in crossfeestje, groeide út ta in hiele Feestfabryk, dêr’t it Achterhoekske de basis is foar alles dat se dogge. Sa binne se in motor wurden foar aktiviteiten, mar ek foar maatskiplike, rekreative en ûndernimmende ûntwikkeling.
Wy hawwe in bysûndere gast dy’t ús – fansels op alhiel eigensinnige wize – meinimt op reis troch de wylde wrâld fan kreativiteit, lef en regionale krêft. Rens den Hartog is kreatyf direkteur fan it Feestfabryk en ûnder oare it legindaryske Swarte Cross Festival.
Untdek hoe’t dyn kultuer de boarne wêze kin fan de meast spraakmeitsjende ideeën, wêrom’t gearwurking de kaai is ta regionale bloei, en it belang fan lef – ek as soks betsjut dat jo net oeral in regel foar meitsje.
Mear ynformaasje en oanmelde? Klik op de knop hjirûnder.