Hast plannen – of miskien al ideeën – om op dyn hiem toeristyske aktiviteiten te ûntwikkeljen? Tink oan oernachting, in kamping, pleatsbelibbing, ekskurzjes of oare dei-aktiviteiten. Dan noegje wy dy fan herte út foar in rûnetafelpetear oer agri-toerisme yn Noardeast-Fryslân!
Datum: Freed 7 novimber 2025
Tiid: 13.30 – 16.00 oere
Lokaasje: Tichelwurk 21, Stiens (by Piebe Dijkstra)
Wêrom meidwaan?
Hieltyd mear boeren ûntdekke de kânsen fan agri-toerisme as weardefolle oanfolle op harren bedriuw. Tidens dit petear bringe wy boeren út de regio byinoar om:
- Erfaringen en ideeën út te wikseljen
- Kânsen en knelpunten te besprekken
- Mooglike gearwurking of stipe te ferkennen
- En foaral: elkoar te ynspirearjen!
Foar wa?
Foar agrariërs út Noardeast-Fryslân dy’t al aktyf binne mei agri-toerisme óf hjir oer neitinke en ferkenne wolle wat der mooglik is.
Programma
- Start by Piebe Dijkstra – agrariër en eigener fan in minicamping
- Besite oan Annéfanke’s Pleats
- Ynspiraasje troch Marije Westra fan de Bonte Fries – Farmcamps (Slappeterp)
- Gemeente fertsjintwurdige troch Wilmar Bakema en Frederik Kamsma, dy’t útlis jouwe oer it belied rûnom de kombinaasje agrarysk & gastfrijheid
- Rûnetafelpetear: ideeën, plannen en mooglike folgjende stappen
Wolst derby wêze? Meld dy maklik oan fia https://forms.office.com/e/zzWBdBiWwx
‘It is mei sizzen net te dwaan’ – oftewol: net prate mar dwaan!
Fotografy: Outdoor Ynspiraasje fia Visit Wadden