Ien fan de ynspirearjende byienkomsten oer Takomstbestindich Undernimmen dit hjerst dêr’t wy nei ferwize is de CIRCO Ynspiraasjesesje Ynterieur, organisearre troch Circulair Friesland.
- Datum: 26 novimber 2025
- Tiid: 13:00 – 17:00 oere
- Lokaasje: OPNIJ! yn Bûtenpost (Newtonstraat 20)
- Beheind tal dielnimmers (maksimaal 15)
De kwaliteitbelibbing yn de gastfrijheidssektor – tink oan hotels, B&B’s, horeca, gearkomsteromten – wurdt yn grutte mjitte bepaald troch de ynrjochting fan de romte: fan meubels en stoffearring oant ferljochting, ôfwurking en materiaalgebrûk. Tagelyk is der in groeiende needsaak om sirkulêr te tinken: minder ferspilling, werbrûk fan materialen, lokale en biobased oplossingen, én fermindering fan (mikro)plastik tapassingen.
De CIRCO Ynspiraasjesesje Ynterieur rjochtet him krekt op dat spanningsfjild: hoe kinst in ynterieur ûntwerpe dat oantreklik en stylfol is, mar ek sirkulêr en takomstgericht? Oanjaan kin fia de webside fan Feriening Circulair Fryslân.
Wat kinst ferwachtsje?
De sesje kombinearret ynspiraasje, praktykfoarbylden en ynteraktive wurkvormen:
- Taslach fan sirkulêre foarbylden en ynterieurkonsepten
- Ferkenning fan kânsen binnen de keten fan grûnstof oant gebrûk
- Workshop “Sirkulêr Undernimmen” op basis fan de CIRCO-metoaden
- Kennismeitsjen mei oare ûndernimmers, ûntwerpers en leveransiers
- Ekspertize fan sprekkers as Erik Hopmans, Maud van Hees en Simone Larabi.
Foar wa?
Dizze byienkomst is geskikt foar:
- Ûndernimmers yn de gastfrijheidssektor dy’t harren ynterieur ferduorsumje wolle
- Untwerpers, stylisten en leveransiers dy’t sirkulêre materialen en oplossingen tapasse wolle
- Oerheden, ûnderwiisynstellingen en oare belutsen partijen dy’t bydrage wolle oan in sirkulêr Fryslân
Fotografy: Cris Toala Olivares fia VCF