It team fan Sûn en Lekker Ite begjint in nije missy en nûget dy út om dêr in bydrage oan te leverjen. Tegearre sette wy in stap nei in fitale takomst foar jongerein yn in ûndernimmende regio. Tidens dit kick-off seminar plantsje se in sied foar positive feroaring. Doch mei en ûntdek wat dyn rol hjiryn wêze kin.
🗓 Datum: 20 maart 2025
⏰ Ynrin: fan 15:00 oere | Start: 15:30 oere
📍 Lokaasje: Aeres, Buitenpost
Bern kinne in hiele mienskip yn beweging sette. Hoe? Dat ûntdekst op 20 maart mei ynspirearjende seminars oer fieding en sûnens.
Besjoch alfêst dizze fideo op YouTube!
Sprekkers
- Theo Mulder | dielt ynsjoch oer boaiemfruchtberens en de ynfloed op plant, bist en minsk.
- Jan de Roos | nimt dy mei yn de belibbing fan iten.
- Annalies Brijker | fertelt oer ús itgedrach en de ynfloed fan bern dêrop.
De presintaasje is yn hannen fan Jelle Broersma. Tidens de seminars kinst genietsje fan sûne hapkes en nei ôfrin is der alle romte om nei te praten.
Meld dy oan fia de ûndersteande knop en nim gerust immen mei.