24 juny 2025

Trochrinnend Besikersûndersyk Súdeast-Fryslân

Leart dyn besikers écht kennen – en brûk harren feedback foar dyn eigen organisaasje én de regio. VVV It Andere Fryslân organisearret op 24 juny in ynteraktive wurksjop oer it Trochrinnend Besikersûndersyk. Dit fergeze ynstrumint jout ûndernimmers en organisaasjes yn de regio ynsjoggen yn it gedrach, de belibbing en de oriïntaasje fan harren besikers. De resultaten kinne helpe by it oanskerpjen fan dyn marketing, it ferbetterjen fan dyn oanbod én soargje foar weardefolle ynput foar it breder regionaal byld fan it besyk oan Súd-East Fryslân.

📅 Datum: 24 juny 2025
⏰ Tiid: 14:00 – 15:30 oere
📍 Lokaasje: Museum Dr8888, Drachten
📝 Oanmelde foar: 4 juny 2025

Wat kinst ferwachtsje?

Tidens dizze kick-off leit Roger Davids út hoe’t it online ûndersyk wurket en hoe’tst it as organisaasje sels ynsette kinst. Do krijst praktyske hânfetten én tagong ta it ynstrumint. Nijskierrich? Besjoch it ynstrumint alfêst fia: https://lnkd.in/evdr_WRm

Foar wa is dizze wurksjop bedoeld?

Foar organisaasjes en ûndernimmers aktyf yn:

  • Musea
  • Nasjonale parken
  • Wetterrekréaasje
  • Akkommodaasjes
  • Horeka
  • Deitoerisme

By genôch dielnimmers folget yn it neijier in twadde byienkomst wêryn’t de earste resultaten fan it ûndersyk besprutsen wurde.

Do kinst dy oanmelde oant en mei 4 juny fia de ûndersteande knop.

Meld dy hjir oan!