31 maart 2025

Undernimmersgearkomste Trynwâlden, Bûtefjild & Burgumer Mar

De ôfrûne perioade binne der ferskate inisjativen opset om it toeristysk-rekreatyf oanbod yn de regio’s Trynwâlden, Bûtefjild en Burgumermar fierder te ûntwikkeljen. Trije projekten springe derút:

  • Parklânskip Trynwâlden | It Fries Erfgoed Collectief wurket yn opdracht fan de gemeente oan de duorsume ûntwikkeling en it benutten fan kultureel en natuerlik erfgoed. Trynwâlden tsjinnet as pilot om erfgoed yn lân, gebouwen en natuer better te ferbinen, mei spesjale omtinken foar de Steaten en Stinzen.
  • Stifting Wetterwâlden Bûtenfjild | Dizze stifting set him yn foar de fierdere ûntwikkeling fan ’e rekreative ynfrastruktuer yn de regio. In buro is ynskeakele om it ferhaal fan it gebiet fêst te lizzen as identiteitsdrager, sadat ûndernimmers en ynwenners har hjirmei identifisearje kinne en der grutsk op wêze kinne.
  • Fan Fryske Boaiem | It nije platfoarm fan Merk Fryslân biedt kânsen foar ûndernimmers om har te profilearjen en better sichtber te wurden binnen it Fryske toerisme.

Dyn ynbring is wichtich

Dizze trije projekten kinne inoar fersterkje, en de ôfrûne moannen hawwe de regio’s tegearre mei RMT NOF, Toerisme Alliantie Fryslân, Ynbusiness en de Marrekrite neitocht oer hoe’t dizze inisjativen ferbûn wurde kinne en hoe’t se yn de praktyk brocht wurde kinne. In konkreet idee is it ûntwikkeljen fan meardeiske kuierfakânsjes yn de regio, passend by de identiteit fan it gebiet. Mar der binne fêst mear mooglikheden!

De gearkomste wurdt organisearre yn opdracht fan de gemeente Tytsjerksteradiel troch buro Kiemkr8. Op basis fan de ynbring wurdt in útfieringsfoarstel opsteld, ynklusyf finansieringsmooglikheden.

Komst ek?

Lit dyn stim hearre en tink mei oer de takomst fan toerisme yn dyn regio!

📅 Moandei 31 maart
15.00 – 17.00 oere
📍 Van der Valk, Hardegarijp

Oanmelde kin fia tonique@kiemkr8.nl