Onlangs organisearren wy ús byienkomst AI yn ’e Horeka yn gearwurking mei de MKBCybercampus en Keninklike Horeka Nederlân. It is in tema dat libbet ûnder ûndernimmers. Mar wêr begjinst? En wat is feilich?
- Datum: Tiisdeitejûn 30 septimber
- Tiid: Ynrin 18:30 – Start 19:00 – Ein 22:30
- Lokatie: n.n.b.
- Kosten: 35,- eks. BTW
Ferskate regio’s yn Fryslân slaan dêrom de hannen ynien en organisearje op 15 maaie, 17 juny en 30 septimber in praktyske workshop oer AI, spesjaal foar ûndernimmers yn ’e toeristyske sektor, yn gearwurking mei Melissa Meijer fan Boef Marketing.
Dizze workshop is foar dy as…
- Do wolst wol wat mei AI, mar witst noch net goed wat
- Do der in soad oer heard hast, mar de stap noch net set hast
- Do alris wat frege hast oan ChatGPT of in oare AI, mar der graach echt mei oan ’e slach wolst
- Do yn gewoane taal mear witte en dwaan wolst mei AI
De ynhâld fan de workshop is…
- AI foar teksten – Hoe’tst tools lykas ChatGPT brûke kinst foar it skriuwen fan socialmediaposts, blogs, nijsbrieven én websiteteksten.
- AI foar SEO – Sykwurden fine, SEO-optimalisearre teksten skriuwe en dyn webside better fynber meitsje mei help fan AI.
- AI foar byld – Bylden generearje mei Canva’s AI-tools, DALL-E en tûke fideo-tools lykas Pika of Lumen5.
- AI en WhatsApp – Foarbylden fan hoe’st AI ynsette kinst foar klantkontakt fia WhatsApp: tink oan automatyske reaksjes, faak stelde fragen en tûke prompt-foarbylden.
- AI en strategy – Doelgroepanalyse, ynhâldsplanning en advertinsje-optimalisaasje mei help fan AI.
Tidens de workshop passt de tools fuortendaliks ta op dyn eigen bedriuw. Fynst it spannend? Hoefolle net – Melissa soarget derfoar datsto it snapst en echt oan ’e slach giest.
Ynskriuwe kin fia de folgjende link:
Past 30 septimber dy net? Dan kinst kieze foar in fan ’e oare regio’s:
- 15 maaie by Noardeast-Fryslân – klik hjir foar mear ynformaasje en oanmelden foar dy datum.
- 17 juny by Visit Noardwest – klik hjir foar mear ynformaasje en oanmelden foar dy datum.
Mear witte oer de byienkomst ‘AI yn ’e Horeka’ dy’t wy koartlyn organisearren? Klik hjirûnder foar de weromsjoch: