Ynformaasje- en ynspiraasjebijeenkomst ‘Gastfrij Fryslân foar elke ynkomstegroep’

Kanselarij Ljouwert – Woansdei 9 april – Ynrin 14.30 oere, start gearkomste 15.00 oere, ôfslutende borrel 17.00 oere.

Fakânsje! Efkes der tuskenút, rêste, bern dy’t bûten boartsje, ûntsnappe oan de deistige sleur en gesellichheid mei elkoar en nije freonen. It positive effekt fan ‘op fakânsje gean’ is grut, sa docht bliken út tal fan ûndersiken. Mar de ynfloed fan net-op-fakânsje gean is dat ek! As it wurk wer begjint of it nije skoaljier oanbrekt, en do hast neat te fertellen, neat belibbe, net fierder kaam as de hoeke fan de strjitte, net meisprekke kinst…

Hast in tredde fan de Nederlanners giet net op simmerfakânsje, en foar ien miljoen húshâldens is dat fanwegen jildgebrek gewoan net mooglik. Dit docht bliken út de Fakânsjejildenquête fan it Nibud. Ek in dei nei in attraksjepark of bistetún sit der foar in protte net yn. De tanommen ynflaasje en hegere wen- en enerzjykosten hawwe dit persintaazje ûngetwifelje fierder omheech brocht. Yn Fryslân giet it om sa’n 38.000 ynwenners, wêrfan 9.000 bern, dy’t in te leech ynkommen hawwe om ‘gewoan’ te libjen, lit stean mei it gesin op fakânsje te gean.

Lokmominten

… en dat wylst fakânsje in rjocht is. Yn de Grûnwet lêze wy dat ‘de oerheid betingsten skeppen moat foar maatskiplike en kulturele ûntwikkeling én frije tiid’ (art. 22). Mar wichtiger is it gefoel dat fakânsje – benammen foar bern – jout: lokmominten, mentale en fysike sûnens, frijheid, sosjale ynteraksjes, tiid foar selsrefleksje en mear selsbetrouwen.

Oan alle kanten wurdt wurke om húshâldens ûnder de earmoedegrins te stypjen; mei bysûndere bystân, de fiedselbank, skuldsanearring, stipetfûnsen, tsjerken en partikuliere ynstellingen en yndied ek inisjativen om in wykje fuort te kinnen.

Fakânsje foar elkenien

ANWB, HISWA-Recron, Keninklike Horeca Nederlân, Merk Fryslân, Provinsje Fryslân en Toerisme Alliantie Friesland (TAF) hawwe de hannen yninoar slein om de Fryske gastfrijheidssektor tagonklik te meitsjen foar elke ynkomstegroep: fakânsje foar elkenien!

Wy noegje dy út foar in ynformaasje- en ynspiraasjebijeenkomst oer dit tema op woansdei 9 april yn De Kanselarij yn Ljouwert. Ek wolle wy tidens dizze gearkomste sjen wat wy tegearre dwaan kinne om de Fryske gastfrijheidssektor ek foar de leechste ynkommensgroepen tagonklik te meitsjen.

En stel dy foar… moandeitemoarn healwei njoggenen, de skoalle begjint, de bern stoarmje it lokaal yn en allegear kinne se fertelle oer in fantastyske ‘kampearûnderfining’ mei geweldige aktiviteiten…

Programma

🔹 Iepening en oanlieding
🔹 Sifers + in ûnderfiningssaakkundige oan it wurd
🔹 Foarbylden fan lanlike inisjativen (o.a. Buertkamping, Fakânsjebank en ANWB)
🔹 Foarbylden fan lokale inisjativen
🔹 Utwikseling forum en publyk: wat fine wy derfan en wat geane wy dwaan?
🔹 Ofsluting en fierdere ôfspraken

Meld dy oan fia ûndersteande link foar de ynformaasje- en ynspiraasjebijeenkomst op woansdei 9 april.

Oanmelde 09 april