03 novimber 2025

Ynspiraasjejûn: Sûn iten fan eigen grûn

De jûn fan 3 novimber stiet yn it teken fan ‘sûn iten fan eigen grûn’. Tegearre mei Akkrumer Goedland en Merk Fryslân noegje wy dy fan herten út om mei te tinken en te wurkjen oan in lângoed foar in nije tiid.

  • Datum: 3 novimber 2025
  • Lokasje: Grand Café Goerres, Akkrum (Kanadeeskestrjitte 45)
  • Tiid: Ynrin 19:00, Start 19:30

‘Op de wyn fan juster kinst hjoed net sile.’

Wêrom?

Om’t dizze tiid ús foar nije útdagings set: de boaiem sakket, it klimaat feroaret en âlde systemen kreakje. Akkrumer Goedland is ús antwurd. In koöperatyf lângoed, droegen troch boeren, bewenners en bedriuwen.

Wat?

Om’t nije teelten nije merken freegje, fine wy it wichtich om fuort nei de hiele keatling te sjen. Dizze jûn foarmet de ôftraap om yn it doarp in tal tagonklike gearwurkingsferbannen op te setten op wei nei it hegere doel: lokaal produsearre iten ek lokaal ferkeapje.

Foar wa?

Foar Akkrumer ûndernimmers út lânbou, middenstân, horeca en de gastfrijheidssektor.

Inkelde sprekers op dizze jûn binne:

  • Benno Strootman (earder ryksoanrider foar it lânskip) – Untwikkeling fan in lânskipfyzje foar Akkrumer Goedland
  • Frans Nieuwhof – Better foar Letter (Buertmerk-itenkoöperaasje yn de Waadhoeke)
  • Arjen Biesma – Jager en kok by Brasserie Om de Dobben yn Burgum

Tegearre wurkje wy oan in nije foarm fan lângebrûk; in lângoed foar in nije tiid. It wurdt in ynteraktive jûn! Oanmelde kin fia de ûndersteande knop.

Oanmelde ‘Sûn iten fan eigen grûn’