14 april 2025

Ynspiraasjesesje Meartaligens & Besikersbelibbing Waadhoeke

Waadhoeke is fjouwer talen ryk! It Frysk, Biltsk, Frankers en Nederlânsk binne in wichtich part fan de identiteit en sjarme fan de regio. Net allinnich foar ynwenners, mar ek foar besikers draacht dit by oan in unike belibbing.

📅 Datum: Moandei 14 april 2025
Tiid: 19:30 – 21:30
📍 Lokaasje: Doarpshûs Ried, Haadstrjitte 4 – Ried

Hoe kinne wy meartaligens better ynsette yn de gastfrijheids- en kultuersektor? Wat kin in B&B, kamping, kafee, restaurant of museum dwaan om de taalbelibbing fan besikers te fersterkjen? En hokker lytse stappen kinne wy moarn al sette? Yn gearwurking mei gemeente Waadhoeke organisearret Toerisme Alliânsje Fryslân (TAF) in ynspiraasjesesje oer taal as krêft en kâns. Tidens dizze jûn diele wy praktyske foarbylden en ideeën om meartaligens sichtber yn te setten foar in sterkere besikersûnderfining.

Programma

19:30 | Ynrin & ûntfangst – Start mei kofje/tee en kunde meitsjen.

19:45 | Wolkom & ynlieding – It belang fan taal en meartaligens.

20:00 | Ynspirearjende foarbylden – Presintaasjes fan û.o. Afûk en in ûndernimmer.

20:30 | Iepen petear & diskusje – Hoe wurdt meartaligens no ynset? Wat wurket?

20:45 | Brainstormsesje – Tegearre neitinke oer praktyske tapassingen.

21:15 | Weromkoppeling & folgjende stappen – Hokker aksjes kinne wy daliks oppakke?

21:30 | Netwurkmooglikheid & borrel

 

Wolst derby wêze? Meld dy oan fia de link hjirûnder:

Meld dy hjir oan!