Op moandei 2 juny organisearje wy út namme fan de Toerisme Alliantie Friesland tegearre mei Provinsje Fryslân in nije edysje fan de ynspiraasjebijeenkomst ‘Takomstbylden foar libbene, takomstbestindige en leefbere kearnen yn Fryslân’.
🗓 Moandei 2 juny 2025
🕓 16:00 – 20:00 oere
📍 Startlokaasje: Martinitsjerke – Breedeplaats 2, Frjentsjer
Wy noegje dy graach fan herten út foar de retail-ynspiraasjesesje op moandei 2 juny yn Frjentsjer. Tidens dizze byienkomst bringe wy ûndernimmers, beliedsmakkers en oare belutsen partijen byinoar om kennis en ynspiraasje op te dwaan oer de takomst fan fitale en leefbere binnenstêden yn Fryslân.
Wy starte om 15:30 oere yn de Martinitsjerke, yn it hert fan Frjentsjer. Fan dêrút geane wy yn groepen útinoar foar in ynspirearjende kuier lâns bysûndere plakken yn ‘e binnenstêd. Under de kuier diele belutsenen harren ûnderfiningen en ynsichten oer aktuele tema’s lykas stedsfernijing, fêstgoed, gearwurking en ûndernimmerskip – ûnder oaren it ferhaal fan in jonge ûndernimmer dy’t in famyljebedriuw nij libben ynblazet mei moderne ynnovaasjes en tûk gebrûk fan sosjale media.
Yn ‘e jûn ferpleatse wy ús nei De Koornbeurs, dêr’t Jeroen Roose-van Leijden, sintrummanager yn Utert en adviseur gearwurkingen yn sintrumgebieten, ús meinimt yn de krêft fan kollektive gearwurking yn binnenstêden en syn fisy op sintrummanagement. Oanslutend geane wy mei-inoar yn petear oer de ynsichten fan de dei en hoe’t dy oerset wurde kinne nei ús eigen regio.
Programma ynspiraasjesesje
15:30 – Ynrin en ûntfangst (Martinitsjerke)
- Wolkom & iepening troch Gerard Kremer (Foarsitter TAF) en Jan Dijkstra (Wethâlder Waadhoeke)
- Ynspiraasjekuier yn groepen (binnenstêd Frjentsjer)
- Buffet en netwurkmomint by De Koornbeurs
- Ynspiraasje troch Jeroen Roose-van Leijden (Sintrummanager Utert + Adviseur Gearwurkingen yn Sintrumgebieten)
- Ofsluting troch Marja van der Meer (Wethâlder Waadhoeke)
20:00 – Ein
Oanmelde
Oanmelde kin oant en mei tiisdei 27 maaie fia dizze link:
Oanmelde retailsesje Frjentsjer 2 juny
Wy hoopje dy op 2 juny te ferwolkomjen yn Frjentsjer!