ÚTNÛGING Ynspiraasjebijeenkomst ‘Sliepe oan it WAD’ – fan lân oant pân, fan boer oant rekreant.
Op tiisdeitemiddei 25 febrewaris organisearje wy in ynspiraasjebijeenkomst mei as tema ‘biobased bouwen en rekreëarjen fan lân oant pân oan it Wad’.
Us Waadkust is in tige oantreklike bestimming foar toeristen fanwegen it prachtige lânskip en de ferskaat oan aktiviteiten. Dêrneist binne der yn dit gebiet in protte passionearre agraryske ûndernimmers, dy’t neist de teelt fan ierappels en oare lânbouprodukten ek hieltyd faker rjochtsje op it ferbouwen fan biobased boumaterialen. Yn dizze ynspiraasjebijeenkomst wolle wy mei dy ûndersykje oft wy it Waadlânskip, de bou, de agrariër en de toerist tichter by-inoar bringe kinne. It doel is om in situaasje te kreëarjen dêr’t belibbing, duorsumens en ûndernimmingsgeast sintraal steane, mei as mooglike takomstfisje in boeren-belibbingrûte yn biobased rekreaasje-akkommodaasjes. Fan lân oant pân, fan boer oant rekreant.
Yn it ramt fan tegearre siedde, tegearre rispje, sille seis ûndernimmers, aktyf yn agraryske bedriuwen, duorsumens, bou en/of rekreaasje, harren ynspirearjende ferhaal diele oer de wei dy’t sy ôflein hawwe, harren dreamen en harren ambysjes. Dêrnei geane wy yn groepen útinoar om de opdiene kennis en ynspiraasje yn in ynteraktive wurksesje om te setten nei konkrete aksjes.
It doel fan de middei is om safolle mooglik entûsjaste minsken te sammeljen dy’t de folgjende stappen ek wier meitsje wolle.
Programma
15.00 – 15.30 oere Ynrinnen
15.30 – 16.15 oere Wolkom troch deisfoarsitter Liesbeth Schievink en start pitches:
- Eileen Blackmore – House of Design en Wad van Waarde: ‘Fan plastic sop nei grientesop’
- Balling van Kuiken – Akkerbouwer én bouwe oan in duorsume takomst
- Folkert Botma – Botma’s ‘Fan sûne Grûn’
- Vincent Beekman – Cabiner: ‘Ferbining tusken minske en natuer’
- Jacqueline Visser – Rekreaasjepods: ‘Ambachtlik fakmanskip mei in ekologyske oanpak’
- Undernimmer mei kombinaasjebedriuw – Agrarysk en rekreaasje
16.15 – 17.00 oere Wurksesjes yn groepen
17.00 – 17.30 oere Weromkoppeling út de wurkgroepen
17.30 – 18.30 oere Netwurkborrel
Lokaasje: Het Lage Noorden, Marrum
Wolsto by dizze gearkomste wêze? Meld dy oan fia ûndersteande knop.
Kensto immen foar wa’t dizze gearkomste ek ynteressant kin wêze? Stjoer de útnûging dan gerêst troch!
Fragen of opmerkings? Nim gerêst kontakt op mei Marjan Soepboer: marjansoepboer@taf.frl of 06-21625681.
Dit inisjatyf is in gearwurking tusken Vrijetijdsregio Noordoost Friesland, Bouwend Nederland afdeling Friesland, Toerisme Alliantie Friesland, Vereniging Circulair Friesland