Ôfrûne woansdei 2 april 2025 kamen beliedsmakkers, amtliken en belutsenen út de horekasektor byinoar yn Grand Café JAN! yn Warga. Hjir fûn in ynformaasje- en ynspiraasjebijeenkomst oer de rol fan horeka yn de leefberens fan Fryslân plak.

Dizze byienkomst stie yn it teken fan de fraach: hoe draacht in fitale horekasektor by oan de leefberens fan ús doarpen en stêden? In aktueel en wichtich ûnderwerp, ûnder mear oanlieding fan resint ûndersyk nei de fitaliteit fan it Fryske horekalânskip.

Kor van der Meulen (KHN)

Gearwurkje oan in sterke sektor

Dei-foarsitter Kor van der Meulen (Regiofoarsitter KHN Fryslân) iepene it programma tegearre mei Gerard Kremer (foarsitter TAF). Dêrnei fertelde gasthear Geert-Jan Vaartjes oer de betsjutting fan syn horekabedriuw foar de regio en beklamme er it belang fan in konstruktive gearwurking tusken oerheid en ûndernimmers. Dêrnei joech Geesje Duursma (earder skipper opjefte tûke groei provinsje Fryslân) in taljochting op it resinte ûndersyk nei horeca en leefberens. Sy beklamme dat der in soad weardefolle ynformaasje beskikber is – sels op bedriuws- of gemeentennivo – en dat dizze, wol op fertroulike basis, opfrege wurde kin fia de provinsje.

Best practice út Arnhim

Dêrnei dielde Bas van Es (horeka-ûndernimmer en adviseur) in ynspirearjend foarbyld út Arnhim, dêr’t ûndernimmers en oerheid gearwurken oan in breed droegen horekafyzje. Syn wichtichste advys is: gean foarôf mei alle partijen yn petear, sadat it proses dêrnei soepeler ferrint.

Yn petear oer belied en kânsen

Nei in koarte skoftpauze gienen de oanwêzigen yn groepen útinoar om te praten oer lokaal horekabelied. Tidens dizze petearen stiene fjouwer fragen sintraal oer besteand en winske belied, needsaaklike stappen foar in droegen fyzje, en de rol fan stakeholders. Ut de petearen kaam in dúdlike reade tried nei foaren: gearwurking is essinsjeel. Ûndernimmers wolle aktyf meiprate oer belied dat har sektor rekket – en dat freget om begryplike taal, dúdlike kommunikaasje en wjersidich begryp. Dêrnjonken waarden oare wichtige tema’s neamd, lykas: partisipaasje en kennisdieling; hanthavening op yllegaliteit; ynwenners as ambassadeurs fan harren regio; en de rol fan brânsferieningen as ferbinende skeakel.

Groepssesje oer lokaal horekabelied

Folgstappen

Uteinlik waard de byienkomst ôfsletten troch Kor van der Meulen en Aly Wijngaarden (Regiomanager KHN Fryslân). Sy beklammen dat de ophelle ynput meinommen wurdt yn it folgtrajekt. Dêrnjonken makken sy dúdlik dat dizze byienkomst net it einpunt is, mar it begjin fan in nauwere gearwurking tusken oerheid, ûndernimmers en oare belutsen partijen.

Koartsein, in fitale horekasektor is ûnskiedber ferbûn mei in leefbere provinsje. Dêrom sette wy mei-inoar stappen rjochting in sterker, gastfrij Fryslân.

Mear ynformaasje oer Fitale Horeca

Dizze byienkomst is organisearre yn gearwurking mei Koninklijke Horeca Nederland en Provinsje Fryslân.