Mienskiplik wurkje oan libbene binnenstêden en doarpskearnen: ynspiraasjesesje yn Frjentsjer bringt lokale ferhalen en kennis byinoar

Op moandei 2 juny wie de binnenstêd fan Frjentsjer it dekôr fan in ynspiraasjesesje oer de takomst fan libbene en takomstbestindige kearnen yn Fryslân. Sa’n 60 dielnimmers – ûndernimmers, beliedsmakkers, sintrummanagers en oaren út it fjild – kamen byinoar foar moeting, útwikseling en ynspiraasje.

Nei in hertlik wolkom fan wethâlder Jan Dijkstra (gemeente Waadhoeke) en foarsitter Gerard Kremer (Toerisme Alliantie Friesland) begûnen de dielnimmers yn groepen oan in ynspiraasjewanneling troch it sintrum fan Frjentsjer. Op ferskate lokaasjes yn de stêd waarden ferhalen en ûnderfinings dield troch lokale belutsenen:

🔸 Martinus Visser fertelde oer de betsjutting fan kultureel erfgoed yn Frjentsjer, mei spesjale omtinken foar it Eise Eisinga Planetarium, dat sûnt 2023 op ’e UNESCO-wrâlderfgoedlist stiet. Hy ljochte ta watfoar ynfloed dizze status hat op de stêd, en hoe’t dy ferbûn is mei oare ûntwikkelings lykas de fernijing fan it Alde Riedhûs en de Koornbeurs.

🔸 Max Siesling, fjirde generaasje fan Bakkerij Siesling en sûnt 2023 Hofleveransier, joech in ynspirearjend ynsjoch yn modern ûndernimmerskip. Hy liet sjen hoe’t hy ynset op storytelling, belibbing, gearwurking mei lokale partijen en ynnovaasje om it famyljebedriuw takomstbestindich te hâlden.

🔸 Bert Kroese dielde, by it hillich gers fan it Sjûkelân, syn ûnderfining mei de saneamde winkelimpuls-oanpak. Hjirmei hawwe lokale partijen troch gearwurking middels frijkrigen om winkelgebieten te fersterkjen en te fernijen.

🔸 Bert Meijering ljochte oan de Dykstrjitte – de oarspronklike hannelsstrjitte fan Frjentsjer – ta hoe’t ûndernimmers, ynwenners en pandeigners tegearre wurke hawwe oan in plan foar fergriening, stedlike fernijing en mear ferbliuwskwaliteit, wêrby’t ek in nij boutique hotel in bydrage leverje sil.

Nei de kuiertocht kamen de dielnimmers gear yn de Koornbeurs, dêr’t de jûn fierder gie mei romte foar neipetear en netwurkjen – ûnder it genot fan in hapke en drankje fersoarge troch Grand Café de Doelen.

Tidens it plenêre programma naam Jeroen Roose-van Leijden (sintrummanager fan Utert en oplieder fan sintrummanagers) it wurd. Hy die út de doeken wêrom’t gearwurking yn sintrumgebieten fan grut belang is, en hoe’t it sintrum as ‘ien bedriuw’ funksjonearje kin én moat. Mei foarbylden en ynsichten út Utert liet er sjen hoe’t in mienskiplike fyzje, belutsenens en ferbining tusken partijen liede kin ta in libbene en takomstbestindige binnenstêd of doarpskearn.

Wethâlder Marja van der Meer (gemeente Waadhoeke) sleat it programma ôf mei de boadskip dat sokke gearkomsten essensjeel binne foar it dielen fan kennis en ûnderfinings, it lizzen fan nije ferbiningen en it mienskiplike wurkjen oan sterke kearnen yn Fryslân.

It wie dúdlik: gearwurking – of better sein: tegearre wurkje – wie de reade tried fan dizze dei, en in boadskip dêr’t wy mei-inoar fierder wurk fan meitsje wolle!

Dizze ynspirearjende dei wie mooglik troch de ynset en gearwurking fan de Toerisme Alliantie Friesland, gemeente Waadhoeke en de lokale belutsenen.