Toerisme Alliantie Friesland Frysk
  • Thús
  • Oer TAF
    • Netwurken
  • TAF Dielnimmers
  • Projekten
    • Gastfrij Fryslân 2028
      • Deirekreatieve Netwurken
      • Bestimmingsmanagement
      • Takomstbestindige banen
      • Toeristyske Kennis Foar de Takomst
      • Vitale Logiesaccommodaties
      • Fitale Wetterrekreaasje
      • Slimme Groei
        • Sirkulêr Ûndernimme
  • Nijs
  • Byienkomsten
    • Bijeenkomst aanmelden
  • Kontakt
Toerisme Alliantie Friesland Frysk
  • Thús
  • Oer TAF
    • Netwurken
  • TAF Dielnimmers
  • Projekten
    • Gastfrij Fryslân 2028
      • Deirekreatieve Netwurken
      • Bestimmingsmanagement
      • Takomstbestindige banen
      • Toeristyske Kennis Foar de Takomst
      • Vitale Logiesaccommodaties
      • Fitale Wetterrekreaasje
      • Slimme Groei
        • Sirkulêr Ûndernimme
  • Nijs
  • Byienkomsten
    • Bijeenkomst aanmelden
  • Kontakt

Sliepe yn'e Takomst

In unyk projekt, Sliepe yn ‘e Takomst, is úteinset troch in gearwurkingsferbân fan gastfrijheidsûndernimmers, oannimmers en arsjitekten yn Fryslân. Sân teams, besteande út in rekreaasje-ûndernimmer, in oannimmer, in arsjitekt en in pear studinten, sille oan de slach om in biobased en sirkulêre rekreaasjewenning te ûntwerpen. Doel fan dit projekt is ûnderfining en kennis en kunde op it mêd fan biobased en sirkulêr bouwen te ûntwikkeljen, fêst te lizzen en te ûntsluten. Dit projekt is mei finansiere troch it mearjierreprogramma Duorsumens.

SLIEPE YN ‘E TAKOMST

Yn Fryslân is in groeiend ferlet fan miljeufreonlike akkommodaasjes mei in besikersûnderfining, tichtby de natuer. It giet dêrby om it oars bouwen of ferfangen fan loazjeminten: sirkulêr, mei natuerlike boumaterialen en yn gearhing mei de natuer. It projekt rjochtet him op it ûntwerpen fan betelbere state-of-the-art, enerzjysunige akkommodaasjes, dy’t de kultuer en natuer fan Fryslân wjerspegelje. Sawol ûndernimmers yn de gastfrijenssektor, as oannimmers sjogge kânsen yn dizze ûntwikkeling, mar witte net goed hoe’t se dit oanpakke moatte en wêr’t se brûkbere ynformaasje en materialen fine kinne. Bouwend Nederland ôfdieling Fryslân, Toerisme Alliantie Friesland, Stichting Samenwerkende Bouwbedrijven Friesland, Vereniging Circulair Friesland en Gemeente Súdwest-Fryslân hawwe de hannen yn elkoar slein om hjir feroaring yn te bringen.

SAN UNTWERPEN EN UNTSLUTE OPDIENE KENNIS EN KUNDE

Der binne sân Fryske ûntwerpteams gearstald, dy’t oan ‘e slach sille om sân ûntwerpen foar in betelbere biobased, natuerynklusive en sirkulêre rekreaasjewenning te meitsjen. Dy ûntwerpen en de by it proses opdiene kennis en kunde, lykas de ûnderfinings dy’t by datselde proses opdien binne, wurde oan ‘e ein fan it proses iepenbier tagonklik makke en beskikber steld foar ynteressearren. Der is mei klam romte foar mbû- en hbû-studinten om ynbring te leverjen en om praktykkennis op te dwaan. De opdiene kennis kinne de Fryske bouwers brûke by folgjende ûntwerpen fan bouwurken en dêrmei foldwaan oan de takomstige oanskerpings fan de MPG-noarm per 2025. It projekt draacht dêrneist by oan it ferbetterjen en ûntwikkeljen fan alle sân pylders fan de sirkulêre ekonomy.

Kick-off 6 febrewaris

6 febrewaris wie de kick-off fan it projekt Sliepe yn ’e Takomst, besjoch in koart ferslach hjir.

Besjoch hjirûnder de after-movie

https://youtu.be/evTQf4yYcUA?si=G_YyfT_6yPda8fZb

Tuskenbyienkomste 24 april

24 april wie de tuskenbyienkomste fan it projekt Sliepe yn ’e Takomst, besjoch in koart ferslach hjir.

Besjoch hjirûnder de aftermovie

https://youtu.be/T5cYAz9We6Y?si=1aQ7-91RClg0pzsN

Einbyienkomste 24 septimber

Op 24 septimber wurde de ûntwerpen fan de sân teams presintearre yn Theater Sneek. Besjoch hjir de útnûging.

Benijd wat we foar jo betsjutte kinne?

Hawwe jo in fraach dy’t jo graach oan ús foarlizze, in idee dêr’t jo net allinnich josels, mar ek de sektor fierder mei helpe, of in projektplan dat jo graach mei oaren út de sektor fierder útwurkje en realisearje soene?

Foar dizze en in soad oare fragen en foarstellen kinne jo by de TAF telâne. Wifkje net. Nim kontakt mei ús op. Mei-inoar kinne we in soad dwaan en berikke.

E: info@taf.frl
T: 06-21625681

Neem contact op

Meer Informatie

Ynspiraasjesessy Biobased en Sirkulêre Materialen

Ut de foarige workshop op 21 febrewaris 2023 kaam ûnder oare nei foaren dat der mear ferlet wie fan ynformaasje oangeande biobased en sirkulêre materialen. Dêrom waard op 13 juny in byienkomste organisearre dy't gie oer biobased en sirkulêre materialen.

Sirkulêr bouwe yn de Gastfrijheidssektor

Mear as 40 arsjitekten, bouwers, gastfrijens- en griene ûndernimmers kamen 21 febrewaris by elkoar om mei

Sliepe yn’e Takomst

Toerisme Alliantie
Friesland (TAF)

info@taf.frl
06 - 21 62 56 81

Handige links

© 2025 Toerisme Alliantie Friesland (TAF) • Realisatie Webwijs
(Em)powered by Innovatiepact FryslÂn