Mear as 40 arsjitekten, bouwers, gastfrijens- en griene ûndernimmers kamen 21 febrewaris by elkoar om mei elkoar sirkulêr bouwen yn de gastfrijheidssektor nei in heger level te tillen en de ferbining te lizzen tusken de belutsen sektoaren yn Fryslân.

De middei waard ôftrape mei seis ynspirearjende pitches fan minsken dy’t aktyf binne op it mêd fan sirkulariteit.

Dêrnei brochten de dielnimmers de mienskiplike útdagings op it mêd fan sirkulêr bouwen yn kaart, wêrnei’t in brainstoarmsesje folge dêr’t ideeën yn útwiksele waarden oer hoe’t jo mei elkoar stappen meitsje kinne yn de rjochting fan mear sirkulêr bouwe. De brainstoarm smiet in ferskaat oan ideeën op, lykas it oprjochtsjen fan in dynamysk netwurk, dêr’t ûnderfinings en kennis yn dield wurde kinne. In oare groep fertelde oer it idee fan in experience centre, dêr’t klant én brûker in sirkulêre ferbliuwsakkommodaasje yn de praktyk yn ûnderfine kinne.

De arsjitekten, bouwers en ûndernimmers skreaune har yn om oan ‘e slach te gean mei de ferfolchstappen oangeande sirkulêr bouwe yn de gastfrijheidssektor.

Hjirûnder lêze jo it folsleine ferslach en fine jo de Powerpoints fan de Pitches.

Dizze byienkomste waard organisearre troch Ynbusiness, Toerisme Alliantie Friesland, Arsjitektekoöperaasje GEAR, Bouwend Nederland ôfdieling Fryslân en Vereniging Circulair Friesland.

Ferslach 21-2

PowerPoint pitches 21-2