Bewust reizgje is in trend. Gasten hechtsje al in skoft mear wearde oan betsjuttende en puer. No komt dêr hieltyd mear omtinken foar lokaal en duorsumens by. Toeristen wolle thús, mar ek op fakânsje harren fuotprint ferminderje. Sirkulêre produkten en tsjinsten biede nijsgjirrige oanknopingspunten om temjitte te kommen oan de winsken en ferwachtingen fan dy toerist fan de takomst. Jo kinne jo bedriuw ûnderskiedend meitsje en dêrtroch mear gasten lûke. Dêrby kinne jo mei sirkulêre tapassingen faak jild besparje. It is dus ek op dy wize finansjeel oantreklik.
De sirkulêre ekonomy is in ekonomysk systeem fan sletten kringlopen dêr ‘t grûnstoffen, ûnderdielen en produkten har wearde sa min mooglik ferlieze, nije enerzjyboarnen yn brûkt wurde en systeemtinken sintraal stiet. In sirkulêre ekonomy freget om nije produktûntwerpen én nije businessmodellen. Dêrfoar binne nije ketens en nije gearwurkingen nedich. As TAF fine wy sirkulêr ûndernimmen as in wichtich spearpunt, hjirûnder fine jo ferskate projekten en partners.
Gearwurking Circulair Friesland
Yn it stimulearjen en ûntwikkeljen fan sirkulêr ûndernimmen wurket TAF nau gear mei Vereniging Circulair Friesland. Dizze feriening fan ûndernimmers, oerheden en ûnderwiis hat as ambysje de meast sirkulêre regio fan Europa te wêzen yn 2025 en set yn op fersnellen fan de sirkulêre ekonomy troch dwaan!
Foar fersnellen fan sirkulariteit yn de gastfrijheidssektor wie yn opdracht fan de Provinsje Fryslân it Aksjeplan Sirkulêre Gastfrijheidssektor opsteld dat rûn oant 31 desimber 2023.
Besjoch hjir it einferslach fan it Aksjeplan Sirkulêre Gastfrijheidssektor.
Oan de hân fan it aksjeplan hiene TAF en Circulair Friesland op ferskate wizen aktyf west om ûndernimmers te ynformearjen, ynspirearjen, entûsjasmearjen en fasilitearjen nei mear duorsum en sirkulêr ûndernimmen. Dêrfoar wie út Vereniging Circulair Friesland wei yn opdracht fan Provinsje Fryslân de Circulaire Loods aktyf. Wolle jo mear witte oer de Sirkulêre Loads as nei dit artikel.
Foar it folsleine oersjoch fan sirkulêr ynformaasje, ûndersiken, gearwurkingsferbannen en projekten geane jo nei www.circulairgastvrij.frl.
Wolle jo fuortendaliks ynformaasje oer de 5 bêste tips foar startende lytsskalige rekreative inisjativen? Klik dan hjir: Top 5 tips R & T inisjativen.
Wolle jo fuortendaliks tips foar enerzjybesparring yn jo ûndernimming? Klik dan hjir: Tûk mei Enerzjy faktshjit