De Toerisme Alliantie Friesland (TAF) wol graach de takomstbestindigens fan de gastfrijheidssektor oanjeie. Ien aspekt fan takomstbestindigens is de sirkulariteit fan dizze sektor. Yn it neijier fan 2021 is der út it inisjatyf fan de TAF wei ûndersyk dien nei de mooglikheid fan it skieden ynsammeljen fan kofjegrom en sinesappelskillen binnen de gastfrijheidssektor yn Fryslân neffens in sûn businessmodel én of beide sirkulêr makke wurde kinne. It ûndersyk is dien troch middel fan literatuerûndersyk en ynterviews mei stakeholders wêrûnder ôffalferwurkingsbedriuw Omrin, skillen konfiterij Royal Steensma en ûndernimmer Geesje Duursma fan de Pleats.

Ut it ûndersyk is konkludearre dat it skieden ynsammeljen fan kofjegrom en sinesappelskillen op provinsjaal nivo binnen de gastfrijheidssektor fan Fryslân anno 2022 finansjeel en logistyk net helber is.

Dit komt ûnder oare troch:

  1. It ûntbrekken fan massa;
  2. Dit soarget foar in útdaging by it ferfier;
  3. Wat wer 70% fan de totale kosten bedraacht;
  4. Dit alles soarget ek wer foar in ûnferantwurde CO 2 – fuotprint (te folle ferfiersbewegingen );
  5. De bedriuwsfiering fan Omrin hat dêrom gjin besteande ynsammelynfrastruktuer op dit mêd;
  6. Renewi hat dit wol (sinesappelskillen) lykwols dy ‘t leverje oan PeelPioneers (Den Bosch) wat te fier fan Fryslân ôf leit;
  7. Renewi hat langduorjende lanlike kontrakten mei lanlike spilers lykas Jumbo en Van der Valk (monopoly );
  8. PeelPioneers hat op it stuit gjin ferlet fan útwreiding op it mêd fan massa.

Alternative kâns

Wêr ‘t ien doar ticht giet, giet in oar iepen. Ut petearen mei Omrin wei is der in alternative kâns fûn, nammentlik: SWILL. Swill bestiet út (seane) itensresten en keukenôffal, sinesappelskillen en kofjegrús falle hjir ek ûnder. Swill wurdt úteinlik fersind en dat leveret biogas op (wurdt bygelyks brûkt as brânstof foar auto ‘s ). Allinnich al yn Ljouwert is der op dit mêd in útwreidingspotsjeel fan 81 ûndernimmers (totaal 88 ). It obstakel leit lykwols yn de kosten dy ‘t 17% heger binne as restôffal. It advys fan dat ûndersyk is dan ek: Kreëarje in kampanje, ferlaach de kosten en / of start in pilot.

Foar mear ynformaasje oer dit projekt kin der kontakt opnaam wurde mei Marjan Soepboer. Wolle jo dizze ynformaasje graach diele? Meitsje dan gebrûk fan de ûndersteande ynfographic of ferwiis nei de TAF webside.

Infographic Circulaire S&K