De Skipper fan dizze opjefte is Martin Cnossen, direkteur fan Merk Fryslân. De opjefte wurdt útwurke troch ferskate minsken yn it team, ûnder lieding fan projektlieder Bouke Kors. As jo fragen oer dizze opjefte hawwe, kinne jo kontakt opnimme mei Bouke Kors.
It is fan belang dat wy ûnder it projekt goed oerlis hâlde mei ús belanghawwenden. Dêrfoar wurket Merk Fryslân mei:
- In Ried van Tafersjoch;
- In Ried fan Ynspiraasje mei dêryn ferskate fertsjintwurdigers út de gastfrijheidssektor.
Neist dizze klankboerdgroep sille wy in tal besteande oerlizzen brûke, wêrmei’t wy belanghawwenden ynformearje en aktivearje om dêr wêr’t it nedich is in bydrage te leverjen oan bestimmingsmanagement wêrûnder:
- Toerisme-oerlis mei gemeenten;
- Oerlis oare opjeften (Skippers tegearre mei de projektlieders);
- Partnerevents, lykas dy fan Data Fryslân, Sirkulêr Fryslân, ensfh.;
- Ta einbeslút trede wy ek nei bûten ta mei sosjale media (LinkedIn), nijsbrieven en eigen eveneminten, lykas it jierlikse Frysk Toerisme Kongres en de twajierlikse Visit Wadden konferinsje.