De Skipper fan dizze opjefte is Ingrid van de Vegte, direkteur fan it Frysk Sosjaal Planburo (FSP). De opjefte wurdt útwurke troch de Wurkgroep ûnder lieding fan programmamanager Erik de Swart (FSP). Binnen it team is FSP ferantwurdlik foar it behearen fan de data en dashboarding. NHL Stenden / ETFI is belutsen as kennispartner (Stefan Hartman) en Merk Fryslân fersoarget de bedriuwsfiering fan de omjouwing (Roger Davids). Foar fragen oer dizze opjefte kinne jo kontakt opnimme mei Erik de Swart.
It is wichtich dat we ûnder it projekt goed oerlizze mei ús belanghawwenden. Dêrfoar wurkje wy mei in klankboerdgroep, dy’t bestiet út de ûndersteande leden:
- Twa gemeenten;
- Ien Deirekreative ûndernimmer en ien ferbliuwsrekreative ûndernimmer;
- Lid Team Gastfrijheid Provinsje Fryslân;
- Lid Team Leefberens, Provinsje Fryslân;
- Skipper Tûke Groei;
- In fertsjintwurdiger fan in natuerorganisaasje;
- In fertsjintwurdiger fan in organisaasje út it wurkfjild.
Neist dizze klankboerdgroep sille wy in tal fan besteande oerlizzen brûke, dêr’t wy belanghawwenden mei ynformearje en aktivearje om dêr wêr’t it nedich is data te ûntwikkeljen en om harren kennis te fergrutsjen, ûnder mear:
- Toerisme-oerlis mei gemeenten;
- Oerlis oare opjeften (Skippers mei-inoar mei de projektlieders);
- Partnereveneminten, lykas dy fan Frysk Toerisme Kongres, Data Fryslân, Sirkulêr Fryslân ensfh.
- Ta eintsjebeslút sille we ek nei bûten trede mei ynformaasjeblêden, nijsbrieven en eigen eveneminten.