Fryslân hat in rike kultuer mei in grut ferskaat. Fan galery oant teäter, fan museum en muzykskoalle oant iepenloftspul. Us provinsje hat tal fan kultuermakkers, keunstners, keunstynstellings, opliedings, festivals en eveneminten, dy’t it libben yn ús provinsje moaier meitsje. Trochdat kultuer in breed begryp is, binne hja yn de sektor net as fansels mei elkoar ferbûn. De Cultuur Alliantie Friesland (CAF) is in groep fan likernôch 25 leden út ferskate dissiplines, lykas oerheid, ûnderwiis en kultuermakkers, dy’t har ynsette foar it fersterkjen fan kultuer yn Fryslân.
De CAF hat as doel om mienskiplike tema’s op te pakken en de goede petearen oan te gean mei provinsje en gemeenten. Dêrneist soarget de alliânsje derfoar dat kultuer, toerisme en ûndernimmers noch steviger mei elkoar ferbûn wurde. Troch dizze gearwurking kin kultuer yn Fryslân groeie en bloeie en kinne keunstners en kultuermakkers de erkenning en wurdearring krije dy’t sy fertsjinje.
As jo mear witte wolle oer de Cultuur Alliantie Friesland, nim dan kontakt op mei Marjan Soepboer (06 -21625681)