De opjefte Deirekreative Netwurken is ûnderdiel fan it beliedsprogramma Gastfrij Fryslân 2028 fan de Provinsje Fryslân. Deirekreative Netwurken rjochtet him op sawol op de fysike ferbining tusken de toeristyske deirekreaasje as op de gearwurking tusken netwurkpartners. Der wurdt wurke oan it fynber, boekber en beleefber meitsjen fan rûtes, nijsgjirrichheden, tema’s, ferhaallinen, eveneminte-aginda’s en toeristyske arranzjeminten.
Besjoch ûndersteande animaasje en ûntdek de oanpak fan de opjefte Deirekreative Netwurken.
De Toerisme Alliantie Friesland (TAF) stimulearret de Fryske gastfrijheidssektor en komt mei ideeën en inisjativen oangeande wichtige tema’s, lykas gastfrijheid, bedriuwsfiering, oplieding, ynnovaasje en marketing.
Dêrneist draacht de TAF by oan de beliedsfoarming en de útfiering fan provinsjale ikoanprojekten en sân opjeften út Beliedsnota Gastfrij Fryslân 2028, dêr ’t de Deirekreative Netwurken ien fan is.
Mear ynformaasje fine jo werom fia de ûndersteande ûnderwerpen.
Wurkje jo yn de toeristyske sektor en wolle jo jo gasten of besikers nóch better ynformearje kinne oer wat der allegearre te dwaan en te belibjen is yn Fryslân? En fine jo it moai om tips te krijen oer bygelyks sosjale media, gastfrijheid en hoe ‘t jo it bêste jo Dútske gasten ferwolkomje? Folgje dan de online trainingen op Trainingsplatfoarm Fryslân dy ‘t spesjaal foar jo ûntwikkele binne! De trainingen fine jo hjirûnder: