It doel fan de opjefte Bestimmingsmanagemint is om de bydrage fan de gastfrijheidssektor oan it jin-goed-fielen fan Fryske bewenners en natuer (brede wolfeart) safolle mooglik te fersterkjen; no en yn de takomst. Merk Fryslân bringt Fryslân en it Waad oan ‘e man as ien fan de meast duorsume bestimmingen fan Europa.
Yn de ôfrûne jierren is it perspektyf op de mearwearde fan besite feroare. Draaide it net lang lyn noch om mear besikers en safolle mooglik ynkomsten, tsjintwurdich wolle bestimmingen sa as Fryslân besikers foar safolle mooglik sosjale en ekonomyske mearwearde soargje litte binnen de ekologyske grinzen fan ús moaie provinsje.
‘Stadich toerisme’ is fan belang om de juste groei te realisearjen. Sa rjochtsje wy ús op lytsskalich en autentyk oanbod (it hiele jier troch) fan deirekreative aktiviteiten lykas kuierje, fytse en (elektrysk) farre, lokaal iten, autentyk kultuerhistoarysk erfguod en it útbouwen fan ûnderskiedend en duorsum oanbod (troch it hiele jier) fan rekreative lozjysakkommodaasjes.
Sa wurdt troch it winnen fan de goede besikers mearwearde realisearre foar Fryske bewenners en de natuer.
Dizze mearwearde kin rekreëarre wurde troch ûnder oaren:
- Oanwêzigens fan supermerken, soarch en oare foarsjennings (it hiele jier troch);
- It yn stân hâlden fan ferbiningen fan it Iepenbier Ferfier;
- It brûken fan nijsgjirrige deirekreative foarsjennings (fyts-, kuier-, en farnetwurken);
- It sekuer fersterkjen fan de Fryske natuer en it unike lânskip;
- It oanbieden fan in alternatyf model fan fertsjinsten foar boeren (agrotoerisme);
- It fersterkjen fan kultuerhistoarysk erfguod en bypassende kulturele eveneminten, lykas om de tsjerken út de midsiuwen op de Fryske terpen hinne;
- It brûken fan in oansprekkend en ferskaat kultureel programma;
- Yn it algemien it ferheegjen fan de leefberens yn ‘e regio.
Merk Fryslân wurket bestimmingsmanagement út yn 6 stappen (sjoch ôfbylding) en hat syn fokus yn 2022 en 2023 op trije ûnderwerpen:
- Untwikkeljen fan duorsum oanbod;
- Weardefolle promoasje op spesifike doelgroepen
- Toeristyske kennis effektyf yn de gaten hâlde.
Mear ynformaasje kinne jo weromfine fia de ûndersteande ûnderwerpen.