Op de webside Frysker.nl binne trije opsjes dêr’t je út kieze kinne: Sykje, Hifkje en Oersette. Frysker is dêrmei in maklik taalhelpmiddel om ûnder oare wurden en teksten oer te setten nei it Frysk en teksten te kontrolearjen. Witst net wat in wurd betsjut of wolst der mear oer witte? Dan kinst it opsykje yn it wurdboek.
Op de webside Frysker.nl kinne je út trije opsjes kieze: Sykje, Hifkje en Oersette.
Woesto altyd al in folsleine tekst oersette nei it Frysk? Dat kin no! Klik op Oersetter en plak dyn tekst yn de fertaalmasine. Druk dan noch efkes op oersette en klear is dyn Fryske tekst.
Wolst graach witte oftst dat Fryske wurd goed skreaun hast? De Hifker markearret foar dy alle staveringsflaters en hollanismen. Boppedat tinkt de kompjûter graach mei dy mei en jout er oan hokker wurdfarianten ast brûke kinst.
Bist benijd wat de Fryske oersetting fan in Nederlânsk wurd is (of oarsom)? Dan kinst it wurd ynfiere by Sykje. Witsto bygelyks wat it Fryske wurd foar toilet is?
Bist op ‘e siik nei rymwurden, synonimen, oersettingen, typysk Fryske útdrukkingen of gewoan de betsjutting fan dat iene frjemde wurd? Sykje it op yn ien fan de meast tagonklike, digitale wurdboeken. Witsto bygelyks wat it Fryske wurd foar toilet is?
Bist no hiel nijsgjirrich wurden nei de regels fan it Frysk? Dan kinst ek de Paadwizer boppe-oan de webside besykje. Yn de Paadwizer steane alle Fryske staveringsregels beskreaun.
Wolle jo der wis fan wêze dat jo teksten en oersettingen flaterfrij binne? Lit se dan altyd kontrolearje troch bygelyks ien fan de Afûk of Praat mar Frysk.