Op 22 april 2020 hawwe Provinsjale Steaten de beliedsnota Gastfrij Fryslân 2028 fêststeld. Dêr stean de útgongspunten fan it nije provinsjale belied foar rekreaasje en toerisme yn. It sykjen nei in goede balâns yn sprieding fan toerisme is dêr ien fan de wichtichste útgongspunten by. Op dy wize draacht toerisme by oan de leefberens: Friezen kinne nofliker wenje, libje en wurkje. Yn it útfieringsprogramma Gastfrij Fryslân 2028 is dat noch fierder útwurke en konkreter makke. Dat programma is op 9 juny 2020 fêststeld troch Deputearre Steaten. Yn it útfieringsprogramma wurdt útgien fan 7 ûntwikkelopjeften. Hjirûnder folget in koarte fideo oer dy 7 opjeften.
Hjir fine jo in fisueel oersjoch fan de 7 ûntwikkelopjeften.
De Toerisme Alliânsje Fryslân hat aktyf belutsen west by it ta stân kommen fan de Beleidsnota en jout frege en net frege advys – út har rol wei as tinktank en oanjager – op it útfieringsprogramma en dus de 7 ûntwikkelopjeften.
Utfieringsprogramma Gastfrij Fryslân 2028
Alle partners fan Gastfrij Fryslân kinne jo yn ûndersteand oersjoch werom fine.
Partners gearkomste Gastfrij Fryslân
Position Paper Gastfrij Fryslan
Gastfrij Fryslân 2024 – 2028
Yn 2020 stelden de Povinsjale Steaten fan Fryslân de beliedsnota fan 2028 fêst. Der is doe bewust ynset op in mearjierich programma om in transysje yn te setten fan ekonomyske groei nei tûke groei, mei omtinken foar ek sosjale en ekologyske kânsen. Om de twadde helte fan de útfieringsperioade goed foarm te jaan, hat Gastfrij Fryslân oan Martin Boisen (For the love of Place), ynternasjonale autoriteit op it mêd fan regiomarketing en -branding, frege om in position paper op te stellen foar it ferfolch.
Dat programmaplan bringt it besteande belied en útfiering, de position paper fan Martin Boisen (For the Love of Place), de ambysje fan de TAF, maatskiplike ûntwikkelingen en besteande behoeften yn de gearwurking mei-inoar. Druk op de ûndersteande knop om it programmaplan te lêzen.
Programmaplan Gastfrij Fryslân 2024-2028
Jierferslach Gastfrij Fryslân 2022
Op freed 9 septimber 2022 fûn der in gearkomste plak mei as ûnderwerp Gastfrij Fryslân. De opname fan dy gearkomste kinne jo fia ûndersteande link weromsjen.
Hjirûnder fine jo alle 7 ûntwikkelopjeften werom. Foar alle opjeften kinne jo mear ynformaasje ynsjen en kinne jo eventueel oanfoljende dokuminten fine.