Yn de ôfrûne jierren organisearren wy yn Fryslân trainingen foar bedriuwen dy ‘t graach in duorsum karmerk helje woene. Troch it beheljen fan dat karmerk krigest ynsjoch yn wêr ‘t dyn bedriuw stiet neffens duorsumens en wêr ‘t de ferbetterpunten lizze. As ynternasjonaal erkent karmerk lûkst dêrby ek in duorsume doelgroep oan en de saaklike merk freget der hieltyd mear nei. It keurmerk is geskikt foar ferskate doelgroepen B & B, hotels, restaurants, campings, jachthavens, bungalowparken en dei-attraksje as musea en outdoor bedriuwen. Lyts en grut.
- Op dit stuit is gjin training yn de planning. Wol kinst it webinar Green Key fan 14 septimber 2021 besjen mei útlis oer wat it karmerk is, wêrom fan belang en de foar – en neidielen. Hjir kin dit webinar weromsjoen wurde.
- Op de webside fan Green Key / Blauwe Flagge kinne je noarmen downloade. Dizze kinst delrinne om te sjen wêr ‘ tsto stiest mei dyn bedriuw. De noarmen binne per bedriuwskategory.
- Sjoch hjir foar in ympresje fan de edysje en dielnimmers 2021 -2022.