Ut it aksjeplan ‘Sirkulêr Gastfrijheidssektor’ wei wurkje wy oan in mear sirkulêr ôffalsysteem yn de gastfrijheidssektor. Gjin ienfâldige opjefte, mar yn ferskate stappen besykje wy hjir wol hinne te wurkjen. Op dizze side fine jo ferskate resultaten en ûndersiken.
Grynstofstroomanalyze
Yn 2022 is troch Sameen in ferkennende grûnstofstreamen analyze útfierd yn ‘e gastfrijheidssektor Fryslân.
Dit ûndersyk útfierd is in earste (globale) oanset om mear ynsjoch te krijen yn it grûnstofferbrûk fan de gastfrijheidssektor yn Fryslân. Tink oan ynstreame as gas, wetter en elektrisiteit en útstreame as ôffal. Dêrmei wurdt in earste byld kreëarre oer de mjitte fan duorsumens en sirkulariteit yn de gastfrijheidssektor yn de provinsje op dit stuit. Op basis fan de ûnderfiningen kinne nije ideeën ûntwikkele wurde om de sektor mear sirkulêr te meitsjen. De wichtichste befiningen wiene:
- Restôffal yn gastfrijheidssektor is grutte ôffalstream mei beheind ôffalskieding yn Fryslân yndikaasje fan totaal ôffalstream fan 42,2 mln ton is 65% restôffal
- Offal ôfkomstich út gastfrijheidsbedriuwen is likernôch identyk oan húshâldlik ôffal. Lykwols om ferskillende redenen (sawol by ûndernimmers as ôffalferwurkers) wurdt ôffal út gastfrijheidssektor net skieden ynsammele of yn neiskieding ferwurke.
- Wet-en regeljouwing feroaret
- De konsumint wurdt bewuster ek op fakânsje en fynt it nuver dat er thús wol skiede moat en op syn fakânsjeadres net.
It ûndersyk is útfierd troch SAMEEN yn opdracht fan de Provinsje Fryslân.
Hjirûnder per dielsektor in oersichtlike praatplaat en de totaalrapportaazje.
Grûnstêdstofstreamen Fryslân_Bungalowparken
Grûnstêdstofstreamen Fryslân_Campings
Grûnstêdstofstreamen Fryslân_Hotels
Grûnstêdstofstreamen Fryslân_Jachthavens
Grûnstêdstofstreamen Fryslân_Restaurants
Grûnstêdstofstreamen Fryslân_Totaal
Rapportaazje analyze grûnofstreamen gastfrijheidssektor Fryslân
Ferkenning spylfjild
Dêropfolgjend is yn 2023 yn in ferkenning troch Green Leisure Group it spylfjild yn Fryslân yn kaart brocht: hokker spilers, wêrom stagnearret de transysje nei skieden ôffalynsammeling en wêr lizze de kânsen nei in mear sirkulêr ôffalsysteem?
De wichtichste befiningen út dizze ferkenning:
- Gjin goed totaaloersjoch of (kete)gearwurking yn ôffalynsammeling gastfrijheidssektor
- Oer en wer tusken ûndernimmers en ôffalferwurkers binne in soad ûnwittendheid; beheind kennis oer (ûn)mooglikheden en ambysjes.
- Grutte ferskillen tusken binnenstêdlik, bûtengebiet en eilannen
Yn ‘e rapportaazje wurde praktyske hânfetten jûn om ta te wurkjen nei in mear sirkulêr ôffalsysteem foar de gastfrijheidssektor.
- Eilannen, binnenstêdlik en bûtengebiet freget oare oanpak
- Meitsje foar elke regio mooglikheden ynsichtlik en fersterk kennis en bewustwurding.
- Start rûnetafelpetearen en wurk ta nei (keten) gearwurkingen
- Stimulearje sirkulêre start ups.
Dêr gean we mei oan de slach. De earste stap is yn kaart bringe wat de mooglikheden binne. In earste oersjoch is troch stagêr Hilde Lanting opsteld.
Offalwizers foar ûndernimmers
Sjoch foar dyn regio wat de mooglikheden binne: