Yn 2018, it jier dat Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa wie, waard de Hospitality Desk yn it libben roppen. Yn opdracht fan Merk Fryslân en stichting LF 2018, finansiere troch provinsje Fryslân en gemeente Ljouwert, behannele de Hospitality Desk oanfragen fan groepen dy’t in besite bringe woene oan Ljouwert en/of Fryslân. No is de fraach nei in gastfrij Fryslân wer relevant. Wat is in gastfrij Fryslân en hoe soargje wy dêrfoar? Gastfrijens is benammen in gefoel of belibbing fan in gast; de gast bepaalt oft eat of immen gastfrij is. In Hospitality Desk rjochte op hiel Fryslân lit de fraach fan de gast en it oanbod út de provinsje wei naadleas op elkoar oanslute, dat makket dat der by de besiker in gefoel fan gastfrijens ûntstiet.
De Hospitality Desk anno 2021 biedt besikers oan Fryslân de mooglikheid fragen te stellen oer har ferbliuw en wat der te dwaan is. Soks kin middels e-mail, telefoan of chat. Dizze Desk is alle dagen fan 09:00 -17:00 oere iepen en yn de wykeinen fan 10:00 – 16.00 oere. Besikers út sawol binnen- as bûtenlân nimme kontakt op en hawwe in grut ferskaat oan fragen: fan it fytsen fan de Alvestêdetocht oant mooglikheden yn rûnreizgjen troch Fryslân en farrûtes troch de provinsje.
Mear witte oer de Hospitality Desk? Lês hjir mear.