Fotograaf: Sofie Doeland
In moaie samling inisjativen dy’t Fryslân nijsgjirriger en oantrekliker makket. En kwaliteit taheakket oan de belibbing en oanlûkingskrêft fan de provinsje. Plannen ek mei grutte útdagings. As TAF drage wy kennis en kunde, fûnsen en profesjonele projektstipe oan én mooglike partners.
Ferkiezings 2021
Begjin juny 2020 is der troch Toeristisch Ondernemend Noard Nederlân (Grinslân, Fryslân en Drinte) in brief nei alle politike partijen yn Nederlân ferstjoerd mei dêryn de fraach om it tema Gastfrijens op te nimmen yn it ferkiezingsprogram foar de ferkiezingen fan 17 maart 2021. It boek mei de útwurking fan de Ikoanprojekten is taheakke as bylage.
Sense of Place
Sense of Place heakket kwaliteit en belibbing ta oan it Waadgebiet. It makket it ûnsichtbere sichtber mei kulturele lânskipsprojekten by de Waadkust del. In lint fan manifestaasjes dy’t har liene foar in ûntdekkingstocht fan meardere dagen lâns it ferdronken lânskip fan it Waad.
Faak ferrassend, altyd ferhalend, ferbyldzjend én fan hege kwaliteit. Sjoch mei oare eagen en belibje UNESCO Wrâlderfguod mei in nijsgjirrige blik. Undernimmers kinne op Sense of Place antisipearje yn harren marketing mei ferhalen, rûtes en arranzjeminten.
Bring in besite oan de webside
Nij Fries Museum – Ljouwert
Fryslân set yn op kultuertoerisme. Net allinnich om ‘tûke groei’ te realisearjen, mar ek om’t it past by de provinsje. Boppedat profitearret elkenien fan de te ferwachtsjen, tanimmende besikersstream: de sektor, it bedriuwslibben én de befolking. It nije Fries Museum spilet in wichtige rol yn de oantrekking en ferbliuwsdoer fan kultuertoeristen. De lêste jierren benammen mei grutte tentoanstellingen dy’t in (ynter)nasjonaal publyk lûke lykas Escher en Alma-Tadema. It museum wol trochgean mei dy grutte tentoanstellingen. It Fries Museum hat in bewiisd ekonomyske impact en is it startpunt fan fierdere ferkenning fan de regio. En dêrmei fan grut belang foar de toeristyske sektor en de middenstân.
Princessehof & M.C. Escher – Ljouwert
Keramykmuseum Princessehof is it iennige ryksmuseum yn it Noarden, in achttjinde-iuwsk Nassau stedspaleis én it berteplak fan M.C. Escher. Dizze wrâldferneamde grafikus sprekt elkenien oan, kultuerleafhawwer of net.
It museum makket gebrûk fan dizze oantrekkingskrêft en bringt M.C. Escher werom nei syn berteplak. As keramykmuseum fertelt it mei oantreklike tentoanstellingen ferhalen oer wrâldferneamde keramyk út Europa en Azië. Keunst – en kultuerleafhawwers helje hjir harren hert op. Keningshûs-entûsjastelingen kinne yn it Nassau paleis meilifte op de ‘Keninklike temarûte’ fan it NBTC. En de tún mei wetterboartersplak en teesalon is in nije hotspot yn de stêd.
Briedplak Spoardokgebiet
It Spoardokgebiet yn Ljouwert is noch in gearraapsel fan beton, parkearplakken en gebouwen. Mar dat sil feroarje. It gebiet wurdt transformearre ta in ‘anarchistisch’ stedspark mei romte foar kreativiteit, ynnovaasje, bioferskaat en lytse (niche) festivals.
Yn oerlis mei it Leeuwarder Ondernemers Fonds (LOF), en tegearre mei útienrinnende stakeholders, wurdt de ynfolling fan dizze lokaasje ûndersocht. Briedplak Spoardokgebiet sil stean foar wenjen, rekreaasje en kultuer yn it grien. Foar jong en âld. Foar kultuerleafhawwers en kultuermakkers. En ferbûn mei de binnenstêd. In wichtich projekt foar de Fryske kreative yndustry, de kultuersektor dy’t ek bydraacht oan it oanlûken en binen fan jongerein.
De Fryske Turfrûte
De Fryske Turfrûte Rêst, frijheid, mar ek aventoer. De Fryske Turfrûte is in histoaryske farrûte dy’t je troch en lâns bebost natuergebiet, ôfwiksele mei greiden en doarpkes, fiert.
Boatsjeminsken kinne kieze foar in’koart ‘ rûntsje troch Súdeast-Fryslân of foar de lange rûte dy’t ek Drinte en Oerisel oandocht. De Fryske Turfrûte lient him poerbêst om farren te kombinearjen mei aktiviteiten oan wâl. En biedt dus kânsen foar ûndernimmers om foarsjennings, aktiviteiten en arranzjeminten te realisearjen oangeande de rûte.
Holwert oan See
Holwert oan See is in ambisjeus, ynnovatyf en unyk projekt. Mei in trochbraak yn de seedyk wurdt de ferbining tusken Wrâlderfguod Waadsee en it achterlân wersteld. Dat biedt de mei krimp bedrige regio nije, ekonomyske kânsen. Seker op it mêd fan toerisme en rekreaasje.
It projekt pakt ek posityf út foar de natuer en it belibjen dêrfan. Dêrmei wurdt Holwert net langer allinne de tagongspoarte oant It Amelân, mar ek ta de Waadkust.
Terpenland
Yn temapark Terpenland komme besikers yn’e kunde mei it eardere (en earste) Terpelânskip yn Fryslân en hoe’t it wie om op in terp te libjen. It libben mei it wetter en de tij. In oernachting yn it park makket dizze ûnderfining kompleet.
Dutch Experience Group is ferantwurdlik foar de ûntwikkeling fan it konsept, wêrby’t belibbing foarop stiet. Mei it temapark is Noardwest-Fryslân in attraksje riker dy’t, krekt as it nije Beleefsintrum yn Hegebeintum, it unike terpelân taaste – en ynfielber makket. Oan it toeristysk-rekreatyf bedriuwslibben om hjir op te antisipearjen yn harren oanbod en marketingstrategy.
De Tocht: Belibje de 11 stêden
De Soldaat van Oranje fan it Noarden. Dat is: ‘De Tocht’. Dizze musical, dêr’t in spesjaal boud iisteäter foar boud wurdt, fertelt it ferhaal fan fiif eardere reedrydfreonen en in geheim. De musical lit taskôgers de Tocht der Tochten écht belibje mei bewegende tribunes, meteorologyske spesjal effects en in ymminske iisflier. In ûnferjitlike foarstelling dy’t gasten as in magneet nei Fryslân lûke sil.
‘De Tocht’ soarget foar in ekonomyske stimulâns, Fryslân breed. It biedt ûndernimmers de kâns om oan te heakjen mei arranzjeminten. Dêrmei genietsje gasten net allinnich fan it teäter, mar ek fan de 11 – stêden yn it echt, bygelyks mei kulinêre ferwennerij, museumbesite of kuier -, far – of fytstocht troch de provinsje.
Tsjûkemar
De Tsjûkemar hat in soad unike kwaliteiten. ~~~ It leit op koarte ôfstân fan de Rânestêd. It is de grutste mar fan Fryslân. It is goed tagonklik, ek sûnder boat. Dizze kwaliteiten wol de Club van Aanjagers van de Tsjûkemar (better) benutte om de regio sosjaal, romtlik en ekonomysk te fersterkjen.
De Tsjûkemar moat yn stee fan in trochfeartmar in bestimmingsmar wurde. Mei nije foarmen fan rekreaasje. De omjouwing lient him boppedat goed foar ûndernimmen, wenjen en wurkjen. It projekt stimulearret ûndernimmers te ynvestearjen yn rekreative en toeristyske foarsjenningen dy’t de Tsjûkemar nei in heger nivo tille. En mear rekreanten en toeristen lûke dy’t der langer ferbliuwe.
Besykje op e website of Besykje op e website
De Farrûtes fan Feanetië
Mei in boat kinne je no noch net yn it sintrum fan It Hearrenfean komme. Mar yn en om stêd lizze prachtige grêften en fearten te wachtsjen op wetterrekreanten. De berikberens fan It Hearrenfean foar boaten en de farmooglikheden moatte dêrom flink ferbettere wurde.
Alle wettergongen dy’t nedich binne, binne der al en mei it oplossen fan in lyts tal knyppunten troch brêgen of slûskes, binne de farrûtes fan Feanetië te realisearjen. Mei de nije farrûtes wurdt Hearrenfean ynteressant foar boatsjeminsken. Wurdt it sintrum libbendiger. Sil der ynvestearre wurde yn de hoareka en ynfrastruktuer. Dêrfan profitearje ek Sportstêd, de winkelstân en kultuersektor.
VAK Gastfrijheid
Hieltyd mear bedriuwen, organisaasjes en regio’s sjogge it belang fan gastfrijheid. As wize om dy te ûnderskieden. Om wearde ta te foegjen. Om besikers in ûnferjitlike tiid te besoargjen én weromkomme te litten. Gastfrijheid is spitigernôch gjin natuerlik gegeven en fanselssprekkendheid. Mar dat sil feroarje.
It VAK gastfrijheid sil der foar soargje dat Fryslân de meast gastfrije provinsje fan Nederlân wurdt. Gastfrijheid is in fak. In berop dêr’t kennis, kunde, oandacht en leafde foar nedich is. Troch gastfrijheid te yntrodusearjen as in VAK op skoallen en fia in on – en offline community (Mienskip) krijt it as beropsfeardigens (mear) oansjen. Men kin jin online (fergees) leve oan kennis, ynspiraasje opdwaan en bannige tools brûke. Alles om gasten in goed gefoel te jaan en yn de watten te lizzen. Dat betellet him grif werom.
Waterstad Sneek
Snits is brûzjend, autentyk en ûnskiedber ferbûn mei wetter. Simmerdeis is de stêd in útfalsbasis foar in soad toeristen en wettersporters. Se sykje de Snitsermar op en genietsje fan de Snitswike.
Mar Snits is safolle mear as allinnich in útfalsbasis. Wetterstêd Snits makket de grêften en ‘it rûntsje stêd’ befarber, sadat boatsjeminsken de Wetterpoartestêd fan it wetter ôf belibje en ferkenne kinne. Yn it sok fan’e rekreanten profitearret de lokale ekonomy. De gastfrijheidsektor net yn it minst.