Ut de foarige workshop op 21 febrewaris 2023 kaam ûnder oare nei foaren dat der mear ferlet wie fan ynformaasje oangeande biobased en sirkulêre materialen. Dêrom waard op 13 juny in byienkomste organisearre dy’t gie oer biobased en sirkulêre materialen.
Yn it ramt fan dizze ynspiraasjesesje biobased en sirkulêre materialen waarden der ferskate workshops jûn troch Miedema Bouwematerialen en Oldenboom Meinesz oer praktyske mooglikheden en tapassingen fan biobased en sirkulêre materialen. Mei dizze byienkomste waard der net allinne bypraat oer biobased en sirkulêre materialen, mar gie it der ek om hoe’t jo dizze materialen tapasse kinne yn de bou en yn hoefier’t se nijsgjirrich wêze kinne foar de gastfrijenssektor.