Groepen Fryslân

Untdek prachtige en gastfrije groepsakkommodaasjes yn Fryslân!

Binne jo op ’e siik nei romte, rêst en/of privacy op unike lokaasjes? Dan kinne jo telâne by Groepen Fryslân!

Groepen Fryslân is in gearwurkingsferbân tusken in grut tal unike groepsferbliuwen ferspraat oer hiel Fryslân. Alle oansletten bedriuwen biede neist gastfrijheid en gesellichheid in tige hege kwaliteit. Oft jo no kultuer, histoarje en drokte fan de Fryske stêden sykje, graach fytse wolle troch de Fryske bosken, útwaaie wolle op it strân fan it Waad, neist de doar golvje wolle of miskien mei jo groep de Fryske marren ferkenne wolle, it is allegearre berikber en mooglik. De lokaasjes binne unyk: oan de kust, farwetter, de bosk, kuier – en ruterrûtes, en noch folle mear. Boppedat binne in oantal lokaasjes útrist mei eigen sauna en swimbad.

Mocht it jo net slagje om alles yn ien fakânsje te belibjen, dan ferwolkomje wy jo graach wer in oare kear yn in oare groepsakkommodaasje fan Groepen Fryslân.

Mear ynformaasje kinne jo hjir fine.