Yn it oare Fryslân is alles krek efkes oars… moaier, nofliker, nijsgjirriger! Dát wolle wy as Stifting Toerisme Regiomarketing Súdeast-Fryslân graach yn it ljocht sette.
Us regio bestiet út de gemeenten Hearrenfean, Smellingerlân, Weststellingwerf, Eaststellingwerf en Opsterlân. Wy fersoargje de marketing fan ús regio bûten de provinsjegrinzen. Dêrnei foarsjogge wy de toeristen dy’t harren kar meitsje foar It Oare Fryslân fan alle ynformaasje fia ús online en offline kanalen. Wy organisearje workshops foar ûndernimmers. Dêr wurdt fakynhâldlike kennis yn kombinearre mei netwurkjen sadat ûndernimmers inoar ek better kennen leare en dêrtroch better trochferwize kinne.
It doel fan Stifting Toerisme Regiomarketing Súdeast-Fryslân is om Súdeast-Fryslân mei al syn kwaliteiten op de kaart te setten (marketing) en de gasten yn it gebiet fan goede ynformaasje te foarsjen (gasthearskip). Wy fan Toerisme Regiomarketing Súdeast Fryslân binne hurd oan it wurk om de regio ûnder de oandacht te bringen by potinsjele besikers.
Mear ynformaasje kinne jo hjir fine.
It jierplan fan 2024 fan Stifting Toerisme Regiomarketing Súdeast-Fryslân kinne jo hjir fine.
Mear ynformaasje oer de ferskate organisaasjes foar regiomarketing yn Fryslân kinne jo hjir fine.
“MEI 860 ÛNDERNIMMERS, 5 GEMEENTEN EN MEAR AS 30 BELANGHAWWENDEN SET TOERISME REGIOMARKETING SÚDEAST-FRYSLÂN HIM YN OM IT PRACHTIGE ‘OARE FRYSLÂN’ OP DE KAART TE SETTEN”
Stichting Toerisme Regiomarketing Zuidoost Friesland