Koninklijke Horeca Nederland

Koninklijke Horeca Nederland is dé brânsorganisaasje foar de hoareka yn Nederlân. Sy fertsjintwurdigje en ferienigje 20.000 hoarekaûndernimmers mei in goed kwart miljoen meiwurkers dy’t har alle dagen ynsette foar de bêste gastfrijheid. KHN komt op foar de belangen fan de hoareka op lanlik en lokaal nivo.

Mei goed 230 lokale ôfdielingen en 16 regio’s stipet KHN de belangen fan hoarekaûndernimmers yn alle regio’s, stêden en doarpen. Alle regio’s ha harren eigen bestjoer dat bestiet út hoarekaûndernimmers dy’t as doel hawwe om beskate regionale tema’s foar de hoareka te ûnderstreekjen.

KHN Fryslân fertsjintwurdiget hast 900 hoarekabedriuwen. Sy binne wichtige petearpartners foar de provinsje en oare belutsenen. Sy folgje it regionale hoarekabelied sekuer en se oefenje dêr ynfloed op út. Binne jo benijd wat KHN Fryslân foar jo betsjutte kin? Of wolle jo kontakt opnimme mei de bestjoerders fan KHN Fryslân? Op dizze link fine jo alle ynformaasje.

 

Eksperts fan KHN mei in soad hoareka-ûnderfining helpe jo gau fierder

Koninklijke Horeca Nederland