Ontdek Ons

Under it motto Untdek ús! Fryslân presintearje wy ús: prachtige bedriuwen mei bysûnder omtinken foar details. Wy binne mar lyts as jo nei de omfang sjogge, mar grut as jo nei persoanlik omtinken en belutsenens sjogge.

Untdek ús is in ûnôfhinklike feriening foar en troch ûndernimmers fan lytsskalige bedriuwen yn de gastfrijheidssektor yn Fryslân. Untdek ús! Fryslân stipet in duorsum, better bedriuwsresultaat troch mienskiplike ynkeap, mar ek troch kennis en ynformaasje op te dwaan en troch gearwurking.

De krêft fan it ûnderling fertrouwen en doare te dielen is de basis foar ynspiraasje, ûntwikkeling en ferbettering foar yndividuele ûndernimmers en de feriening.

Mear ynformaasje kinne jo hjir fine.