Staatsbosbeheer

Steatsboskbehear beskermet en ûntwikkelet it kenmerkjende griene erfguod fan Nederlân. Wy binne derop rjochte dat de hjoeddeiske en takomstige generaasjes alle wichtige wearden fan natuer belibje kinne, yn balâns mei it duorsum benutte fan ús gebieten mei de mienskip.

Yn Fryslân hjitte wy jierliks sa’n 150 miljoen besikers wolkom yn ús natuergebieten. Dêrom is rekreaasje foar ús in fanselssprekkend ûnderdiel fan it natuerbehear. De terreinen fan Steatsboskbehear foarmje de nasjonale basisfoarsjenning foar natuer en rekreaasje. Us rekreative kearntaak draait om it iepenstellen fan de natuergebieten en it bieden fan basisfoarsjennings om te kuierjen en te fytsen. In goed rekreaasje-oanbod begjint ommers by goede berikberens en tagonklikens.

Op kultuerhistoarysk gebiet sjogge wy nei de (Ryks)monuminten yn gearhing mei de lânskiplike omjouwing fan de gebieten dy’t beheard wurde.

Mear ynformaasje kinne jo hjir fine.

 

 

“Net alles kin oeral, we wage de 3 B’s.

Us gebieten foarmje hieltyd faker sawol de ekologyske as ekonomyske pylder yn it bûtengebiet. Wy sykje algeduerigen nei in balâns tusken beskermjen, belibjen en benutten.”

Staatsbosbeheer