Stichting Bestemming Noardwest

Sûnt 2015 is der ‘Bestimming Noardwest’; in platfoarm fan toeristysk – rekreative organisaasjes en ûndernimmers yn de regio Noardwest-Fryslân. De gearwurking betsjut: it ferbinen en ferbetterjen fan gasthearskip en de ynset fan promoasje en marketing foar de bekendheid fan it gebiet.

In wichtige oarsaak fan de gearwurking wie de algemiene gedachte dat dizze regio ‘net toeristysk’ wêze soe. Yn in ûndersyk ûnder Friezen kaam dit ek nei foaren. In oar doel wie it opheffen fan fersnipeling yn de regio. Mei in ferbinend, oanlûkend, ûnderskiedend én werkenber ferhaal

foar ús part fan Fryslân wurdt rûs foarkaam, wurdt der effisjint wurke oan krêftige promoasje en biede jo gasten in werklike belibbing. Yn 2016 sette de wurkgroep marketing útein en doe kaam dy wurkgroep mei in posisjonearring, in doelgroep en in ferhaal.

As stifting is Bestimming Noardwest ferantwurdlik foar de regiomarketing fan Noardwest-Fryslân. Bestimming Noardwest is in ferbinende faktor tusken organisaasjes, ûndernimmers, ûnderwiis en oerheden.

Mear ynformaasje kinne jo hjir fine.

It jierplan fan 2024 fan de Stifting Toerisme Regiomarketing Súdeast-Fryslân kinne jo hjir fine.

Mear ynformaasje oer de ferskate organisaasjes foar regiomarketing kinne jo hjir fine.