Stichting Regiomarketing en Toerisme

Stifting RegioMarketing en Toerisme (RMT) hat as doel om de regio Noardeast-Fryslân mei al syn kwaliteiten op de kaart te setten (marketing) en de gasten yn it gebiet fan goede ynformaasje te foarsjen.

Wy bringe ús 5 streekmerken oan de man (‘De Big 5’): Waadsee Unesco Wrâlderfgoed, Nasjonaal Park Lauwersmar, Nasjonaal Lânskip Noardlike Fryske Wâlden, Alvestêdestêd Dokkum en Nasjonaal Park De Alde Feanen. Dit dogge wy ûnder de posysje fan ‘Lân yn Fryslân’.

Wy wurkje foar, troch en mei toeristyske ûndernimmers yn de regio. Tink oan akkommodaasjehâlders, aktiviteiten en hoareka. Wy ha gjin leden, omreden dat we der foar alle ûndernimmers wêze wolle.

WAT DOGGE WY?

Wy dogge in hiel soad, mar benammen:

  • Wy organisearje alle jierren twa grutte netwurkjûnen foar ûndernimmers; Wy organisearje ferskate workshops of kursussen; it is mar krekt wêr’t ûndernimmers ferlet fan hawwe. Tink bygelyks oan it optimalisearjen fan websiden, Google-analyzes, advertinsjes op Facebook ensafuorthinne;
  • Alle jierren meitsje wy ferskate produkten mei toeristyske ynformaasje oer de regio, lykas in tydskrift of krante en (yn gearwurking mei partners) ferskate kaarten;
  • Wy fiere online marketing fia google en sosjale media om de regio ûnder de oandacht te bringen fan (potinsjele) besikers.

Wy wurkje foar de regio Noardeast en sa binne der ek oare organisaasjes yn Súdeast, Súdwest en Noardwest. Dêr wurkje wy mei gear, lykas Merk Fryslân, de provinsjale marketingorganisaasje.

Mear ynformaasje kinne jo hjir fine.

Mear ynformaasje oer de ferskate organisaasjes foar regiomarketing yn Fryslân kinne jo hjir fine.