11 desimber

2024: In jier fol ferbining

Ek yn 2024 hat de TAF har rol as ferbiner, netwurker en oantriuwer yn de Fryske gastfrijheidssektor mei krêft foldien. Troch ferskate projekten oan te triuwen en by te dragen oan in tal inisjativen, hat de TAF ynnovaasje, duorsumens en gearwurking yn de sektor fierder stimulearre. Dêrmei is op ‘e nij in wichtige bydrage levere oan de takomstbestindichheid fan ‘e gastfrijheid yn Fryslân. Wy sjogge graach werom op de hichtepunten fan it ôfrûne jier.

 

Sirkwulêre Tour: Ynspiraasje foar in duorsume takomst
As ôfsluting fan it Akjeplan Sirkwulêre Gastfrijheidssektor organisearren wy in sirkwulêre bustoer. Dizze toer brocht dielnimmers lâns ynspirearjende foarbylden fan sirkwulêr ûndernimmen yn Fryslân.

Lês mear: Sirkwulêre bustoer slút akjeplan ôf

 

AI en Digitalisaasje yn de gastfrijheidssektor
Ynnovaasje stie heech op de aginda mei de ymplemintaasje fan AI en digitalisaasje. Dit tema bliuwt wichtich en sil ek yn 2025 in spearpunt foarmje binnen ús programma.

Lês mear: AI yn de gastfrijheidssektor

 

Sliepe yn’e Takomst: Ynnovaasje yn rekreaasje
Ien fan de absolute hichtepunten fan 2024 wie it projekt Sliepe yn’e Takomst. Nei wiken fan yntinsive gearwurking troch 7 ferskillende teams waarden der tidens de slotbyienkomst 7 ferskillende konsepten fan biobased rekreaasjewenten presintearre, dy’t net allinnich duorsum binne, mar ek as ynspiraasjeboarne tsjinje foar de takomst fan rekreaasje. It projekt hat grutte belangstelling wekke en is in foarbyld fan ynnovaasje yn de gastfrijheidssektor.

Lês mear: Kick-off Sliepe yn’e Takomst en Biobased rekreaasjewenten as ynspiraasjeboarne

 

Green Key en duorsumens
Duorsumens stie ek dit jier sintraal. Mei it Green Key-begeliedingstrajekt krije ûndernimmers yn de gastfrijheidssektor middels yn hannen om duorsumer te ûndernimmen. It belang fan in griene takomst bliuwt ien fan ús kearnwearden.

Lês mear: Green Key begeliedingstrajekt en 7 nije Green Key ûndernimmers en lansearring Griene Ikoanen

 

De Fryske retailoanpak
It Koopstromenûndersyk fan 2024 hat it belang fan toerisme yn Fryslân nochris ûnderstreke. De útkomsten foarmje de basis foar takomstich belied en ûnderstreke de ekonomyske posysje fan de Fryske regio.

Lês mear: Koopstromenûndersyk Fryslân 2024

 

Lansearring fan ús Fryske webside
In oar hichtepunt wie de lansearring fan ús webside yn it Frysk. Sa drage wy by oan de sichtberens en it behâld fan de Fryske taal.

Lês mear: Wy binne oer nei it Frysk

 

Akjeplan Gastfrij Fryslân 2024-2026
Mei it Akjeplan Gastfrij Fryslân hat Gastfrij Fryslân in dúdlike koers útset foar de kommende jierren. It plan rjochtet him op it fersterkjen fan de sektor troch middel fan gearwurking, ynnovaasje en duorsume ûntwikkeling. Dit akjeplan ûnderstreket it belang fan brede wolfeart yn Fryslân.

Lês mear: Akjeplan Gastfrij Fryslân 2024-2026

 

Iepen Museum Moanne: Kultuer tagonklik foar elkenien
De Iepen Museum Moanne hat tûzenen besikers de kâns bean om op in leechdrompelige wize kennis te meitsjen mei it rike kulturele oanbod fan Fryslân. Dizze goed besocht moanne hat net allinnich musea promoate, mar ek de ferbining mei lokale mienskippen fersterke.

Lês mear: Iepen Museum Moanne yn Fryslân en Weromsjen op de Iepen Museum Moanne 2024

 

Ferbining en Gearwurking
2024 wie ek in jier fan kommen en gean binnen de TAF. Us krêft leit yn ferbining en gearwurking. Sûnder de ynset fan ús dielnimmers wiene al dizze súksessen net mooglik west.

Lês mear: Us leden

 

Op nei 2025!Wy sjogge werom op in suksesfol jier fol ferbining, gearwurking en ynnovaasje. Mei it nije jier foar de boech bliuwe wy ús ynsette foar in takomstbestindige, ynklusive en duorsume gastfrijheidssektor yn Fryslân. Tegearre meitsje wy it ferskil!